25

It sil der alles mei te krijen ha dat hy himsels, yn syn earste jier as lid, de bynamme fan ‘brea-spiler’ opspjeldzje litten hat. Hy wûn yn syn earste jier nammentlik sawat alle prizen dy’t der dat jier te winnen wiene. Mar tsjin Jan hat Sven hjoed gjin kâns. Jan lit him hjoed efkes sjen wa’t de baas is en hellet yn 23 beurten syn doel fan 38 karamboals! Net allinnich biljerten In kompetysje jûntsje wurdt net mar allinnich folle mei biljerten. Fjouwer leden dy ’t al klear binne mei harren wedstriid skowe oan by in tafeltsje om in potsje te kaarten. Dizze kear gjin klaverjassen mar tachtigje. Oan de stamtafel giet it petear yntusken alle kanten út. ‘Banken binne oplichters’, de priis fan te keap steande wenningen wurdt besprutsen, jo kinne dêr te plak foar fergees stimadvys, de hjoeddeiske goudpriis komt noch foarby fleanen, mar ik hear ek dat sommige doarpsbewenners op it stuit siik thússitte. Alle 19 leden fan De Kromme Keu spylje 1x yn it jier tsjininoar. Dat makket dat der foar elk 18 kompetysjewedstriden te spyljen binne. De mannen ha ienris yn it jier in potsje dy’t in lyts bytsje oars is as oars. Dat komt omdat de feriening ek ien froulik lid hat yn de persoan fan Marian. Hoewol’t der eartiids ek in biljertferiening foar froulju aktyf wie yn it doarpshûs is it no allinnich oan har om de eare fan alle froulike biljerters heech te hâlden. Hjoed moat sy it opnimme tsjin Tim Houtsma. Ik hear efkes by Tim oft hy soms ek ekstra motivearre is om dizze wedstriid om te setten yn winst. Mar Tim fersekert my dat hy alle wedstriden like graach winne wol. ‘Goed antwurd Tim.’ Ik freegje fansels ek efkes oan de oare kant fan it biljert by Marian hoe oft sy har kânsen ynskat. “Kun je hem hebben?” Marian: “Ik kan iedereen wel hebben, maar niet tijdens het biljarten”. Harren wedstriid eindiget hjoed yndied yn in oerwinning foar Tim. It wurdt 15 tsjin 6. Wedstriid fan de wike Mar dan is it wat my oanbelanget tiid foar DE wedstriid fan dizze spylronde. Miskien wol de Feyenoord – Ajax fan dit seizoen. In wiere bruorrestriid tusken Otte en Douwe van der Weide. Fan te foaren besykje ik by de beide mannen wat te hifkjen oft it oansteande duel ek in bytsje libbet. Mar koelbloedich en bedaard as altyd, litte de mannen mar in ferdomd lyts bytsje emoasjes sjen. 25

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication