26

Of soe der dochs mear yn harren omgean dan dat hja op it earste gesicht merke litte wolle? Otte, ek in lid fan de earste oere, moat aardich syn bêst dwaan om te winnen. Hy hat 34 karamboals nedich. Mar syn pear jier jongere broer docht fansels net folle foar him ûnder. Douwe moat der 29 meitsje om syn âldere broer te ferslaan. Otte nimt al gau in foarsprong. Hy makket in pear koarte searjes en by Douwe wol it nei de earste karamboal hieltyd mar net slagje om dan in knappe bal oer te hâlden. Sadwaande rint Otte aardich út. Opnij is der úterlik gjin fanatisme of spanning te fernimmen by beide matadors. Mar mei de pet der nei goaie bart seker ek net. By Otte giet it noch altyd knap. Ik hear fan in omstanner dat Otte ferrekte graach mei de wite bal spilet en in stik minder graach mei de giele. Hoe sit dat Otte, bisto soms wat byleauwich? Otte: “No ik bin der aardich oerhinne groeid. Mar der binne yndied wol tiden west, dat ik tocht dat ik mei giel beslist net winne koe”. Byleauwich as net, Otte spilet hjoed mei wyt en it giet poer bêst! En wat by him allegearre wol slagget wol by Douwe hjoed allegearre krekt net. Douwe: “Sokke dagen ha jo der spitich genôch ek wolris by, dan kinne je better ophâlde en oan it bier gean. Otte giet ûnderwylst gewoan troch en lit mei in searje fan 11 syn broerke, sprekwurdlik, alle hoeken fan it biljert sjen. Mar pas as Otte de winst definityf byskriuwe kin, docht bliken dat it foar him dochs net samar in potsje wie. Otte: “Jo probearje dizze dochs wol te winnen”. Douwe bliuwt kalm ûnder syn nederlaach. Hy goait gjin bekers op it ‘spylild’ en mekkert ek net op de skiedsrjochter. “Ik moat mar wat faker by Otte yn de golle oefenje”. Sa hear ik ynienen dochs wer wat. Hoewol de feriening mar ien biljert hat docht bliken dat ferskate leden fan de feriening sels ek in biljerttafel yn ‘e hûs hawwe. ‘Stikem oefenje’, neame de jaloerske leden sûnder eigen tafel dat. We neame fansels gjin nammen, mar der skynt sels in lid te wêzen dy ’t thús trije ferskillende biljerttafels stean hat! Sterke ferhalen Oan de stamtafel wurde no de sterke ferhalen ferteld út de 50 jierrige skiednis fan De Kromme Keu en it biljerten yn de ouwer doarpen. Sa is der by de leden fan de fûgelwacht ea alris in wedstriid yn de boeken kaam, dy’t ôfsein wurde moast ‘fanwegen tichte mist!’ Foar wa’t him no ôffreget ‘hoe dat dan?’ Dy minsken moatte der efkes by betinke dat it barde yn in tiid dat suver elkenien in pakje sigaretten of shag yn ‘e bûse hie en nimmen der ek mar oer prakkesearre om dy bûten op te smoken. Dat en it feit dat dizze twa manlju oan de ein fan in lange dei mear sin oan in pilske hiene dan noch in potsje biljerte, soarge foar dizze opmerklike notysje yn harren jierferslach. In oar lid hat in kear in flinke útbrâner krigen fan in sekere M. Zeinstra dy’t doetiids foarsitter wie fan it doarpsbelang. It betreffende lid (we neame opnij mar gjin nammen) hie nammentlik in pear froulike strippers nei it kafee komme litten. Ik freegje efkes oft M. Zeinstra dan miskien boas wurden wie omdat hysels net 26

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication