22

De 2e rol bin ik ek in tsjinner en bin der eins noch net oer út wat foar typetje ik hjir krekt spilje. Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Minder senuwen mei de útfieringen, ha ha! Nee, bin bygelyks net op syk nei de haadrol of suks. Guon spilers kinne hiel fluch skeakelje yn harren rol, dat soe ik ek wol wolle leare. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? De groep, safolle ferskillende type minsken wêrsto safolle mei oefenst, is sa gesellich en je belibje in ôfgryslik soad wille! It is dochs fantastysk datsto mei sa'n groep minsken elk jier wer in toanielstik del kinst sette, wêr dan alle ynwenners fan de 4 doarpen (en noch folle mear) fan kinne genietsje? Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Klaas Oldenburger, oprjochte 1956, berne 1957. Residerjend no yn Wommels Yn it deistich libben besykje ik as ienpitter ûndernimmers by te stean troch harren administrative ' omballingen ' te automatisearjen. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Foar Toaniel en kabaret haw ik altyd al in swak hân. Net sasear as taskôger, mar mear as útfierder. Spylje al fan myn 21e. Meastal ôf by de toanielferiening yn it plak dêr 't wy wenne hawwe. Hoewol 't wy no ferhuze binne nei Wommels fiel ik my thús by “ Nim it sa ’t is ” Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? Bin de tel kwyt en haw ek wolris in jierke oerslein. In favorite rol ha ik net. Meidwaan is it belangrykste. Makket net út oft dat no foar - of achter de skermen is. Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? Grumio, knecht fan Petruchio. Prachtige rol. Past wol by my. Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Gjin inkelde. It is foar my klearebare ûntspanning. It iennichste wat ik wol is de ploech en besikers fan de foarstelling in leuke tiid besoargje. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? Net útstelle mar oanmelde. Wat earder ast dat dochst, wat langer oftst der wille fan hast! Oft dat no spylje, technyk of oanklaaiïng is, der is altyd wol wat te dwaan. Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Hâlde jimme 22 en 23 maart frij yn de aginda?! 22

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication