In jûntsje oan de stamtafel by… ‘De Kromme Keu’!! Fan septimber oant en mei maaie meitsje sy eltse woansdei gebrûk fan ús moaie doarpshûs. Se dogge dat no al mear as 50 jier. It binne fansels de leden fan biljertferiening ‘De Kromme Keu’! Yn it ferline krige ik al ris in masterclass biljerten fan ús leginde Germ Koldyk en ik brocht earder ek al ris ferslach út fan in kompetysjewedstriid fan de dart feriening. Mar de kompetysje jûnen by de biljertferiening ferrinne dochs wat oars as dy by de pylkjegoaiers. Dêr’t de darters it opnimme tsjin spilers fan oare ferienings en sawol thús- as útwedstriden ôfwurkje, spylje de biljerters allinnich mar tsjin inoar en hawwe sy sadwaande inkeld mar thúswedstriden. Yn sommige opsichten soene jo de biljertferiening sels wol fergelykje kinne mei in elitêre golfklup. Elkenien kin nammentlik net samar lid wurde fan dizze feriening. Mar gelokkich hat dat yn it gefal fan de biljerters neat te krijen mei de status of de feardichheden fan it potinsjele lid, mar alles mei it feit dat sy mar 1 biljert hawwe en eins net mear leden op ien jûn spylje litte kinne. Dat sit sa. Alle leden spylje op woansdei 1 kompetysjewedstriid tsjin in oar lid fan de feriening. In wedstriid duorret 25 beurten per persoan. Rûchwei duorret sa’n wedstriid ûngefear in heal oere. De feriening hat op it stuit 19 leden, dat betsjut 10 wedstriden op ien jûn. Jo ha gjin wiskunde knobbel nedich om út te rekkenjen dat de lêste partijen djip yn de nacht pas dien binne. En dêr is noch in oerienkomst mei de golfsport. Ek de biljerters hawwe nammentlik allegearre in saneamde ‘handicap’! In sifer dat harren kunde op it griene lekken oanjout. Hoe heger it sifer hoe mear punten dizze spiler meitsje moat om in potsje te winnen. Sa spilet elk op syn eigen nivo en kinne alle leden it dochs tsjin inoar opnimme. Fan acquit! As ik om in oer as healwei achten it kafee ynkom, ha ik de earste wedstriid fan ’e jûn al mist. Kees Jellema hat syn partij al yn winst omsetten en sadwaande no tiid om myn fragen te beäntwurdzjen en it ien en oar út te lizzen. Ferline wike is der ûnder de jiergearkomste in ein kommen oan Kees syn twadde perioade as foarsitter. Reinder de Jong hat it stokje no fan him oernaam. Mar Kees wie earder ek al ris ponghâlder en wie sels belutsen by de oprjochting fan de feriening! Hy is lid sûnt de earste oere. Mar wannear dat earste oere fan de klup no krekt west hat… dat is noch wol wat in dinkje. Kees: “Rens en ik binne yn maaie 1970 troud en dat ha wy doe hjir yn it kafee fierd. Us troufeest wie it lêste feest fan kroechbaas Wobbe van der Heide. 23
24 Online Touch Home