24

Dêrnei naam Freerk van der Leij it kafee oer en hy hat ek it inisjatyf naam om hjir in biljertferiening op te rjochtsjen. It wie dus om en nabij de winter fan 70/71 of miskien ek wol dy fan 72. Fansels hie Freerk dêr ek sels alle belang by. Mar sa is it ûngefear begûn”. Dan bisto dus al sa’n 52 jier lid. Dat is al in moai skoft. Wat fynsto eins sa aardich oan it spultsje? Kees: “Ja no. Ik bin ek al 52 jier troud. Dat fyn ik ek wol in moai spultsje”. No, dat seisto no wol, mar op sich kin dat ek de reden wêze om al 52 jier lid te wêzen fan de biljertferiening! Mar Kees fersekeret my dat syn trouwe lidmaatskip neat te krijen hat mei de kwaliteit fan syn houlik. Mar de toan oan tafel is hjirmei al setten. Oan it biljert is fan in fûleindige striid net folle te merken, mar oan de stamtafel is it sa no en dan in kwestje fan útdiele en ynkasseare. Kees: “Wat slop âldehoere is ek altyd moai no. En jo heare hjir somtiden ek it lêste nijs! Ja wier. Ik ha gjin Insta of Tiktok nedich”. Kees fertelt dat bûten de kompetysje om der ek noch 3x yn ’t jier in toernoai spile wurdt. Wêrûnder ien tusken Kryst en âld en nij. Wylts ik mei Kees yn petear bin geane de wedstriden fansels gewoan troch. Reinder de Jong moat it no opnimme tsjin syn buorman Ype Zijlstra. Ype moat yn 25 beurten 17 karamboals meitsje om it potsje te winnen en Reinder 32. De partij einiget miskien wol yn de meast ideale útslach dy’t jo foar twa buorlju betinke kinne. Nei 25 beurten hat Ype der 16 makke en Reinder 31. Beide ha presys 1 temin om harren doel te heljen en dus wurdt in lykspul notearre. Alle spilers ha yn ’t foar it spyl-skema fan dizze jûn tastjoerd krigen en witte sadwaande wannear 't sy oan bar binne. Sa no en dan komt der in nije ‘gladiator’ it kafee binnen en somtiden giet der ek wer ien op hûs oan. Mar der komme mear minsken binnen dan dat der fuortgean en sa wurdt it hieltyd geselliger yn it kafee. Jan de Alfa man! Foar my op de stamtafel leit ek it skema fan dizze earste kompetysje jûn. De spilers mei de minste ûnderfining moatte 14 karamboals (punten) meitsje om fan harren tsjinstanner te winnen. Mar Jan Boonstra jr. moat der yn itselde oantal beurten 38 meitsje! As hy binnen komt en sitten giet ynformearje ik efkes by elkenien oan tafel oft dizze grutte handicap him yn dit selskip ek de status fan ‘Alfa-mantsje’ jout. Hûndert út tajaan is wat tefolle fan it goede, mar elk oan tafel kin wol ûnderskriuwe dat yn dit selskip in grutte handicap wis al wat is om grutsk op te wêzen. Jan nimt it hjoed ek op tsjin syn buorman Sven van der Vries, dy’t tagelyk ek it jongste lid is fan de feriening. Hoewol Sven noch mar sûnt in jier lid is fan dizze feriening moat ek hy al it respektabel oantal fan 24 karamboals meitsje om in potsje te winnen. 24

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication