45

Kroechferhalen - Wedden dat…? Troch Watse Kinne jimme jim it telefyzjeprogramma ‘Wedden dat..?’ noch heuge? Nee, no dan hjirby in lytse opfrisser, wat ek wol handich is foar elk dy’t yn dizze iuw berne is. Presentator Jos Brink (hy rêste yn frede) ûntfangt allegearre minsken yn syn programma dy’t sizze wat bysûnders te kinnen. Tink bygelyks oan immen dy’t seit oan it lûd fan de toeter it merk en type auto werkenne te kinnen. Of ien dy’t beweart dat hy binnen 2 minuten 10 sjampagneglêzen op inoar steapelje kin, mei in foarkheftruck! Ik wie in lyts mantsje doe’t hiel Nederlân fol spanning op sneontejûn foar de telefyzje siet te sjen nei de meast bysûndere weddenskippen. Mar sa mâl as sommige besikers fan it kafee yn Rien it diene.., nee dat ha ik it doe net foarby kommen sjoen… It spilet him ôf sa om ende by 1975-‘80. It kafee yn Rien is dan yn hannen fan Aalzen de Haan. In rûge keardel dêr’t alles kin en mei en dy ’t allinnich mar krekt sjocht as it op ôfrekkenjen oankomt. Op sneintemiddeis kriget syn kafee geregeld besite fan folk dat suver noch dubieuzer is dan hysels. It binne stik foar stik mannen mei in reputaasje en in gebrûksoanwizing. En sy binne nei Rien kaam foar in foarm fan ferdivedaasje dêr’t sy eins net al te folle nijsgjirrigen by brûke kinne... Sa komt it geregeld foar dat in pear minsken earst de kroech út sjoen wurde foardat de manlju dogge dêr’t sy eins foar kommen binne. Mar as de kust dan feilich genôch is sette sy harren te plak oan de tafel, yn de hoeke fan it kafee, tichtby de brêge en de Frjentsjerterfeart. Der komme wat slokjes en wat kâlde kletsers op tafel en dan kin it oangean. Gokke! En net te sunich! Ien fan de mannen leit in briefke fan 100 gûne op tafel en seit dan tsjin syn konkurrinten: “Wedzje dat de earstfolgjende auto út de rjochting fan Snits komt!” 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication