46

“Nee, neat fan wier”, foarsjocht inoar en hy leit der fuortdaliks in briefke fan 100 by. It duorret fansels mar in koart skoftke foardat de briefkes troch de winner opeaske wurde. As de spanningsopbou wol wat langer duorje mei sette sy jild yn op hokker automerk as earste foarby komme sil. “Is it in Ford of in Opel?” Of as der mear gokkers om ’e tafel sitte, dogge miskien ek de merken Citroën en ‘Volkswein’ wol mei. En dan mar wachtsje op wat kommen giet. Mar de gokkers yn Rien wolle ek wolris wat oars en binne wakker kreatyf, sil ik jimme sizze. Se gokke op alles wat los en fêst sit en belûke suver altyd harren omjouwing yn it spul. As in kuierjend steltsje oanrinnen komt, gokke sy wa fan harren as earste de foet op it brêgedek sette sil. Ek de oare gasten yn it kafee kinne sûnder it sels te witten ûnderdiel wurde fan in weddenskip. Wa nimt oan it tafeltsje fierderop bygelyks as earste in slok fan syn kofje of pilske? Der wurdt betiden grof jild ynsetten. In pear hûndert gûne liket de mannen uterlik neat te dwaan. De ynset rint betiden sels op oant wol tûzend gûne! Mar gelokkich hawwe de mannen net allinnich mar each foar jild mar ek foar oare saken. Foar de natuer bygelyks. En dat docht my as leafhawwer altyd goed. Harren each falt bygelyks op twa protters op it dak fan de âld bakkerij, tsjinoer it kafee. Mar dan seit ien fan harren: “Wedzje dat de linker as earste wer fuort flocht?” En ja hear, dan fleane der ek wer in stikmannich Snippen* oer de tafel. Mar de moaiste weddenskip dêr’t ik fan heard ha gie oer de einen yn de Frjentsjerterfeart. As in spantsje einen rjochting de brêge swimt, rôpt ien fan de mannen: “Ik wedzje dat de jerke as earste ûnder de brêge trochkomt! “Wol nee, hoe komst dêrby! It eintsje giet earst fansels…” Basearre op wiere foarfallen dy ‘t ik mei tank oan Jan Spannenburg opskriuwe koe. * Foar de komst fan de euro, hie Nederlân de aldermoaiste bankbiljetten fan de hiele wrâld. Se wiene sa kleurich en oars as oars dat bûtenlânske minsken somtiden it jild net iens ha woene, omdat sy tochten dat it nep jild wie. Op it biljet fan 100 gûne stie lange tiid de ôfbylding fan in Snip en sa kaam dit biljet fansels maklik oan syn (by)namme. 46

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication