Jorrit en Elisabeth Welkom!!! Wij hopen dat jullie, onze dorpsgenoten allemaal net zo enthousiast zijn als wij en dat jullie weer van de partij zijn!!! Het thema blijft nog even een verrassing: tot de volgende Diggeloer! Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ Yn de Diggelfjoer fan septimber-oktober hawwe wy al oankundige dat wy wer los soene mei in nij stik om foar jimme op de planken te bringen yn maart 2024. No, der wurdt al folop oefene, en mei faasje! Us regisseur fan dit jier Friek lit der gjin gers oer groeie en wit presys hoe sy it ha wol en mei ús ploech fan entûsjaste spilers geane wy der fol yn. Wy hawwe der dan ek sin oan. Dit jier sille wy it stik ‘It bedimjen fan de njirre’ spylje, in bewurking fan regisseur Friek Kosse fan ‘The Taming of the Shrew’ in toanielstik dat William Shakespeare yn de perioade tusken 1590 en 1594 skreaun hat. It stik wie al yn it Nederlands oerset (Het temmen van de Feeks), mar is no troch de oersetting fan Janny Fritsma ek yn it Frysk. Graach lichte wy ‘een tipje fan de sluier’ op oer it ferhaal om jimme nijsgjirrich te meitsjen: Tsjin de eftergrûn fan it sechstjinde-iuwske Padua wurdt it ferhaal ferteld fan Katharina Minola, in feeks dêr 't gjinien mei trouwe wol. Har jongere suster, Bianca, is - of liket - yn alles it tsjinbyld fan Katharina en sy hat in soad oanbidders. Bianca mei fan har mem Baptista Minola lykwols pas trouwe as ek foar Katharina in man fûn is. Twa nochal idele oanbidders fan Bianca sille op syk nei de perfekte houlikskandidaat foar Katharina en yntrodusearje Petruchio, in yn jildneed ferkearende edelman út Verona. Petruchio seit dat er de helske opdracht útfiere sil yn ruil foar jild. Sille Petruchio & Katharina elkoar úteinlik temme? Hoe rint it ôf mei de striid tusken de oanbidders fan de sus fan Katharina, Bianca? En dan de personaazjes…..graach stelle wy dizze kear jimme foar oan in pear spilers út ús ploech. Even wa’t sa binne en wa’t sy spylje…. Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Myn namme is Pieter Riemersma en ik wenje mei myn frou Harmke en soan Grytzen yn Rien. 19
20 Online Touch Home