20

Ik wurkje as ferpleechkundige bij Molemann sikehûspsychiatry yn Snits. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Myn earste kennismakking mei myn doarpsgenoaten wie ûnder de toanielútfiering fan in pear jier ferlien. Troch dizze doarpsgenoaten bin ik úteinlik ek bij de toanielferieniging kaam. Ik fyn it superleuk om mei buertbewenners in moai toanielstik del te setten. Ek ha ik de minsken yn de omjouwing better kinnen leart. Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? Dit wurdt myn tredde seizoen dat ik meidoch mar de twadde kear dat we it ek echt útfiere kinne. Ik mocht myn rol foarrich jier graach dwaan, mar dizze rol wurdt ek wol hiel leuk. Hoe fierder de rol bij my wei stiet, hoe leuker ik it fyn! Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? In professor út Pisa dy't op fakânsje spontaan fereale wurd! Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Dat ik de rollen dy't ik krij, hieltyd sneller eigen meitsje. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? It is in hiele gesellige club. En dé kans om ris in oar personage te spyljen! Dus kom meidwaan! Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Myn namme is Laura Margje Fopma. Ik wenje tegearre mei myn freon Sven en ús 2 froulju, Symke en Yldou op Hearedyk 51 yn Itens. Yn it dagelijks libben bin ik foarbewurker/autospuiter by autoschade van Kalsbeek yn Snits. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Ik bin fia Thea by de toanielklup kommen. Nei wat ynformaasje fan har bin ik eins fuortendaliks mei gean spyljen. Myn suster spilet al hiel wat jierren toaniel yn Ingelum en is dochs wier wol myn ynspiraasjebron west om de stap te nimmen oant toanielspyljen. Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? No dit wurdt eins pas myn 3e jier. De 1e kear dat ik mei soe dwaan, rekke ik yn ferwachting en wie ik rûn de útfieringsdatum útrekkene, dus spitigernôch koene wy dy gok net nimme. Dêrnei kamen de koroana jierren... Nynke Tadema, de resepsjoniste fan it stik Heartbreak Hotel kies ik dan tochs as favoryt, in hiel soad “stilspul”, in útdaging opsich! Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? Dit jier ha ik in dûbelrol, net grut, mar hartstikke leuk. De 1e rol bin ik in tsjinner, in bytsje onbedwongen en ha ik eins gjin empathisch fermogen. 20

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication