16

Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Myn namme is Ronald Postma, ik wenje sûnt 1995 yn Rien. Yn myn deistich libben bin ik op it momint, yn geef Frysk sein, “in between jobs”. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Neidat ik in pear jier yn Rien wenne, frege Agnes Zeinstra op in kear as ik miskien ek wol toaniel spylje woe. Sy hie krekt Derk Smids ree fûn om by Nim it sa it is te regissearjen en sy sochten benammen manlju foar it stik wat sy op it each hienen. Sa bin ik begong by ‘Nim it sa is’ en dêr bin ik by bleaun oant no ta. Hjir en dêr ha ik wol in jier oerslein. Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? Hoe faak ik echt spile ha, soe ik sa net mear witte. Ik ha goeie herinnerings oan in rol as fereale muzikant mei in kuttepiel (ik wit net mear hoe it stik hjitte, mar Janny Bootsma wie myn tsjinspiler), de misleare sjonger Ronnie yn “Chez Dolly”, de grimmitige ferpleger yn “Ien fleach oer it koekkoeksnêst”, mar ek oan it kobbeljende beekje yn “Midsimmersnachtdream”. Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? De rol fan dit jier is in rol yn in rol wêrby myn rolfiguer prebearret syn freon te helpen yn de leafde. Wy spylje al wêr mei in moaie ploech, wy ha in soad wille en jouwe inoar in soad enerzjy. Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Mei in moaie ploech, hoopje ik noch lang mei te dwaan oan de aktiviteiten fan ‘Nim it sa it is’. Want toaniel prikkelet, kinst er safolle ynstopje asto kwyt wolst en jout my altyd it groepsgefoel fan in teamprestaasje. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? De drompel by 'Nim it sa it is' is net heech. Elk jier begjint er mei dat er ynventariseare wurdt wa allegear mei dwaan wolle en oan de hân dêrfan wurdt it plan foar it kommende seizoen makke. Asto ek mei dwaan wolst, meldt dy dan foar de simmerfakânsje by immen fan it bestjoer fan 'Nim it sa it is'. Wie ben je, waar woon je en wat doe je in het dagelijks leven? Jos van der Woude, geboren 16 mei 1957 te (sorry) Sneek. Levend in de schaduw van Judy. Samen hebben we twee fijne zonen, die allebei in Canada wonen. Nog maar een kleinkind, maar dat is dan wel een pracht. Ik ben sinds ongeveer anderhalf jaar met prepensioen, maar heb het druk genoeg. Judy en ik wonen in Rien. 16

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication