36

Tiede, hoe sit it tsjintwurdich mei dyn muzikale foarkar? Tiede: “Ik bin muzikaal omnivoor”. Fan de oare beide mannen wit ik it neffens my wol. Eddy do bist wei fan de band Idles dochs? Eddy: “Ja kloppet”. En Reinder do bist fansels wei fan Rory Gallagher. Reinder: "Jawis. Mar wy ha allegearre in brede muzyk smaak hear.” No mannen ik ha eins noch mar ien praktyske fraach. Hoe kinne de ynwenners fan de ouwer doarpen en de lêzers fan it Diggeloer kaarten keapje of mei jimme yn kontakt komme? “No wy hawwe eins allinnich in bankrekkennûmer en it wurket hiel ienfâldich, fine wysels. Wa’t de yntree oermakket, dy komt op de vip-guestlist te stean en is fersekere fan tagong. Wy ha oant no ta beslist gjin klaaien oer de belangstelling, mar wy soene wol graach noch wat mear ynwenners út de eigen doarpen lûke wolle. Der komme no somtiden best wol in protte minsken fan bûtenút en dat is fansels ek prima. Mar de ynset wie foaral ek om de eigen ynwenners in pear gesellige jûnen te besoargjen.” Eddy: “Yn it foar in kaartsje betelje kin beslist handich wêze, want we ha oant no ta ek al twa kear útferkocht west. En it wurket net mear sa as eartiids by Egbert en Richt. Fol is fol”. Geweldich dat jimme dit inisjtief nommen ha mannen en ik soe sizze ‘keep on rockin!’ 36

37 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication