42

terein kaam wiene. It wiene twa jongkeardels dy’t ek belutsen wiene by it bouwen fan de bulte op de Hinnaarderhoeke. Sa kamen de Eastereinders ta de konklúzje dat harren bult oanstutsen wie troch dy ferdraaide Itenzers en Riensters. De Eastereiners sinden op wraak. Each om each, bulte om bulte! It waard de jongelju út de Fjouwer Doarpen dúdlik makke dat harren bulte dy lêste nacht foar de jierwiksel net feilich wie en dus namen sy drastyske maatregels. Befeiliging! De bult waard tenei gjin tel mear út it each ferlern. Nachts waard in auto parkearre njonken de bulte en sa hâlden sy de wacht. En it die fertuten. De bulte koe sparre wurde om presys op it goeie momint as noch te feroarjen yn in bulte jiske en reek. No bliuwt fansels de grutte fraach oer oft dy mannen yndied de brânsteapel fan Easterein oanstutsen hiene… Ik ha se der geregeld nei frege en altyd kaam fuortdaliks itselde antwurd. “Wol nee juh. Wy hiene by Tsjerkje op de Kliuw west en wiene dêr moai smoar wer weikommen. We sieten tegearre op ien fyts mar ûnderweis nei hûs sakken wy dwerstroch it eftertsjil. Dêrom kamen wy ek rinnend en mei in protte wille en lawaai troch Easterein. Immen út Easterein hat ús blykber rinnen sjoen en tocht dat wy wille hiene omdat wy krekt derfoar harren bulte oanstutsen hiene, mar dêr wie hielendal neat fan wier. Wy hawwe hielendal gjin each hân foar harren bult.” In part fan de tradysje soe om my best wol wer werom komme meie. Want der falt ûnder de jierwiksel meastentiids net al te folle te belibjen yn ús doarpkes en dêr by it fjoer moeten jo it hiele doarp. Boppedat soarge it ek foar bining en mienskipssin ûnder de jongerein. Mar fierder is dit stikje beslist gjin oprop om kommend jier wer in brânbult op te bouwen, want wat it opbrânen fan al dy rotsoai oanbelanget, bin ik wol bliid dat eltse tiid, syn tiid hat’. Folle lok en sûnens tawinske yn 2024! 42

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication