5

Fan de redaksje Troch Esther Bomfol stiet ‘r: dizze Diggelfjoer. Mei allegear wer prachtige en ferbinende ferhalen fan minsken út ús Fjouwer Doarpen. Watse hat ferhalen oer de nije aventoeren yn de kroech en de alde aventoeren yn kroegen fan eartiids. Elisabeth socht de toanielminsken op om wer in tal spilers foar te stellen en Hans wie op syk nei nije advertearders en subsydzje . Iksels ha op besite west by Jeannet van Ommen oer har frijwilligerswurk yn in hospice. Stik foar stik wurde dÕr moaie ferhalen ferteld. De Fjouwer Doarpen binne de lêste tiid goed op de kaart set. Mei in slingerdyk wiene wy sels ‘hotnewsÕ yn it Jeugdsjoernaal. DÕr wurde op mear plakken moaie ferhalen ferteld. Op it stuit hat Diggelfjoer in wiere ‘evenknieÕ fûn yn de persoan fan “De Ljip fan Itens”. Hawwe jimme de ljip de leste moanne ek folge op de socials? De ljip wit prachtige ferhalen te fertellen en set ús fjouwer doarpen fantastysk op de kaart by in hiel protte minsken. En dat is no krekt wat de Diggelfjoer ek besiket, dus wat ús oan belanget: Ljip fan Itens do bist fan herte wolkom yn de redaksje! As redaksje binne wy de lêste moannen dwaande west mei it sykjen fan nije stipers, want de parse fan Van der Eems rint net op sûkerlarjemunten. Wy binne tige wiis mei in subsydzje fan de gemeente SWF yn it ramt fan mienskipstimulans en mei mar leawst fjouwer nije adferteerders: Jumbo Wommels, Wouter Plantinga Klussen en Huiswerkondersteuning, AbnAmro en Theunis Hofstee. Mei dizze stipe slagget it ús ek yn 2024 6x in Diggelfjoer te meitsjen. Watse, Hans, Elisabeth en ik winskje elkenien alle goeds foar 2024 en hoopje jim wer in soad lesnocht te bringen yn in nije jier! Warme groetnis, Esther Rectificatie geheugensteun - AED - van Johan Postmus Na de laatste Diggelfjoer is er met betrekking tot privacy enige ophef ontstaan over de lijst met AED-gebruikers. We hebben geregeld dat de oude lijst met namen en adressen, die nog te vinden was op google, inmiddels verwijderd is. Het bestuur is nu van mening dat de lijst met AED-gebruikers nergens meer vermeld wordt. Want: AED NODIG? BEL 112!!! Al onze AED-gebruikers zijn aangemeld bij http://Hartslag.nu. Zij krijgen automatisch een oproep als er een noodsituatie bij hen in de buurt is. 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication