Ik ha folle mear muoite hân mei de dea fan myn jongste broer. Dy bedarre yn 2007 yn in psygoaze en hat doe in skoft by ús yn Itens wenne, sadat wy wat op him passe koene. Doe’t it efkes hiel min mei him gie, wie dokter in kear by ús om oer syn situaasje te praten. Wilens dat petear rûn myn broer lulk en yn fertize tastân fuort. Tegearre, mei ien fan myn bern, ha ik doe nei him socht. Op in bepaald momint seagen wy him stean. Hy stie yn it lân tichteby in bargehokje. Hy seach nei de loft en ûnderwylst hie hy syn beide hannen ek yn ’e loft. Hy wie dúdlik noch yn ’e war en mei himsels oan. Ik makke doe de kar om him noch efkes mei rêst te litten, yn ’e hoop dat hy noch in bytsje ta himsels komme soe, mar it wie de lêste kear dat ik him by libben sjoen ha. In plysje helikopter hat him úteinlik werom fûn. Ik freegje my faak ôf oft ik him rêde kinnen hie en oft hy hjoed-de-dei noch libbe hie as ik wol nei him ta rûn wie doe’t ik him yn it lân seach. Libje yn blessueretiid Jo meitsje op my, nettsjinsteande de omstannichheden noch altyd in bliermoedige yndruk. Hoe dogge jo dat? “Ik kin en wol net eltse minút fan myn fierdere libben dwaande wêze mei myn siikwêzen. Dat is net te dwaan. Ik ha ôflieding nedich en lês dêrom in protte. Ik mei net al tefolle mear ferwachtsje fan it libben en dat doch ik ek net. Ek al soe ik net mear in dei âlder wurde dan noch ha ik ommers in prachtich moai libben hân. Ik bin mear as 80 jier âld wurden. Ik ha mysels mei in protte nocht ynsetten foar myn deistich wurk, myn hobby’s en it ferieningslibben. Foar dat lêste hawwe myn frou en ik ek noch in Keninklike wurdearring krigen. Ik bin o sa grutsk op myn frou, ús ouwer bern en myn bernsbern. Wat wol in minske no noch mear? Ta oantinken oan Tom Dijkstra Op woarnsdei 24 jannewaris wie de ‘blessueretiid’ fan Tom op en is der in ein kommen oan syn libben. Dat hy no fierder rêste mei yn frede… Ik winskje Anna Marike en alle fierdere famylje yn de earste plak in protte sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit ferlies. Fierder wol ik harren graach betankje foar it betrouwen wat ik krige om yn dizze bysûndere omstannichheden in stikje mei harren te meitsjen. Watse 12
13 Online Touch Home