23

Hurde wyn hie it stof en sân fan dat ploegjen oer de iisflier jage en dat woe fansels striemin ride. Ik wit ek noch dat ik foar Warkum in hiel ein rûn ha, want ik hie in stikken haklear.” Foar de 30 minners dy’t harren no ôffreegje hokker ûnderdiel op harren nijerwetske redens it haklear is ... Jan ried de Alvestêdetochten fan ’54 en ’56 op houtsjes! Wa’t dan noch net wit hokker redens wy bedoele, dy moat mar efkes syn heit en mem freegje. Of nee, jimme googelju fansels alles. Dat kin ek. Sykje dan op ‘Friese doorlopers’! Jan: “It wiene houten redens, makke troch Nooitgedagt yn Drylts. Dêr ried ik op. Ik ha se noch. Dêr yn Warkum koe ien myn stikkene haklear meitsje en krige ik sels in board mei Brinta, mei molke fan it fabryk. De Brinta wie fan it merk Foxhol. Ik ha dêr hearlik fan iten. Ik bin sels noch in kear nei it útjeftepunt west om te freegjen oft ik noch wat ha mocht en dat mocht. Brinta wie eat wat ik noch nea earder preaun hie. Yn tsjinstelling ta 1954 wie ik yn ’56 tige let oan. De finish wie dat jier yn de Prinsetûn, mar ik wie sa wurch dat ik koe eins net mear by de hege wâl op komme. Oare minsken ha my holpen. Ek de beferzen fiters koe iksels mei gjin mooglikheid mear loskrije. Ik ha yn 1956 ek de Alvemarretocht riden, mar dy tocht fûn ik eins noch swierder as de Alvestêdetocht fan dat jier. Yn dy tocht sitte hast gjin doarpkes en stêden en it binne allegearre iepen, lege flakten mei in protte wyn. Dat wie ek swier hear! De Hel fan ‘63 Yn 1963 wie ik 27 jier. It wie it earste jier dat ik ride koe op echte noaren! Dat wie foar my tige bysûnder. Moast witte, ik kom út in húshâlding mei 18 bern en ús heit en mem hiene eins gjin sint te makken. Redens wiene der by ús thús allinnich foar bern dy’t echt goed ride koene. Ik hie gelok, want bûten myn broer Henk wie ik de iennige dy’t knap ride koe. Sadwaande koe ik de redens brûke. Houten redens wol te ferstean, mar dochs ik koe ride. Noaren wiene altyd in soarte fan dream west foar my. De Noaren dêr’t ik yn ’63 de Alvestêdetocht op riden ha, wiene fan master Willemsma west. Dat wie doe de haadmaster fan de kristlike skoalle yn Itens. It wiene saneamde ‘Ballangrud’ redens, makke troch De Ruiter yn Akkrum. Neffens my ha ik earst noch jild liene moatten om se fan master oernimme te kinnen. De omstannichheden ûnderweis wiene erbarmlik. Tsjuster, sniestoarm en it paad dêr’t jo lâns moasten wie al gau net mear te sjen. Boppedat wie it stjerrende kâld. Hoe kâld it wol net wie ûntduts ik tusken Hylpen en Warkum. Ik moast efkes oan de kant om te pisjen, mar dat slagge net. Hoe nedich ik ek moast, der kaam gjin drip. Ik hie de wetterlieding beferzen, sis mar. It die o sa sear, sil ik dy sizze. 23

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication