25

Ik bedarre yn Warkum by in opfangpost dêr’t it in drokte fan jewelse wie. Der sieten allegearre minsken dy’t skjin tenein wiene. Ik fertelde oan in frou, dy’t dêr oan it helpen wie, oer myn probleem. Doe’t sy yn ’e gaten krige wat der oan ’e hân wie, sei sy dat se Fokke roppe soe. “Fokke moat komme”, rôp se in kear. Ik hie noch gjin manlike helper sjoen en hie in soad pine. Dêrom sei ik tsjin har, dat sy my ek wol helpe mocht. “Ja, mar ik bin in frou”, sei sy. Doe sei ik tsjin har: “No hy is no net mear gefaarlik hear” Sy hat my doe holpen om de boel, dêr ûnderoan, te ûntteien. It is goed slagge, want ik ha nei de tiid ek noch in pear bern krigen. Alles die it noch, sil ik mar sizze. Mar myn tocht der tochten siet der wol op. Sy rieden my oan om op te hâlden en ik koe sels eins ek net mear fierder. Sadwaande bin ik dêr yn Warkum ôfstapt. De Krúskes fan ’54 en ’56. Fansels freegje ik Jan nei syn krúskes fan de beide tochten dy ’t hy wol folbrocht hat, mar ek dat leveret wer in bysûnder ferhaal op. Jan: “Ja, dat spyt my noch altyd, mar ik bin se tink ik kwytrekke yn ’e hannel. Ik ha altyd wol wat yn ’e hannel sitten. Sa siet hjir in kear in bekende dy’t wol wat belangstelling hie foar in kistje dat makke wie fan hout. It wie in lyts kistke mei in protte houtsnijwurk. It kaam tink ik út Indonesië wei. Ik ha dat kistke doe oan dy man ferkocht, net wittende dat myn beide Alvestêdekrúskes dêr ek noch yn ferstoppe sieten. Ik ha de keaper der letter noch ferskate kearen nei frege, mar hy fertelde dat myn krúskes net yn dat kistje sieten, doe’t hy it fan my kocht. Ik leauwde de man net, mar dêr komme jo net mear út no. Ik ha yntusken wol in oar oantinken oan de beide Alvestêdetochten dy’t ik útriden ha. Wachtsje mar even.” Jan giet stean en hellet in standert yn de foarm fan in pompeblêd út de kast. Op dy stander leit in Fryske trochrinner, dy’t makke is fan Makkummer ierdewurk. Op de reed stiet de tekst: ‘ELFSTEDENTOCHT ’54 & ’56 JAN BOONSTRA’. Hy is prachtich Jan, lykas dyn prachtige Alvestêdeferhaal. Neiskrift. Hawwe josels of miskien kinne jo in (âld)ynwenner fan de Fjouwer Doarpen dy’t ek ea de Fryske Alvestêdetocht op redens riden hat? Tip de redaksje dan! Want sokke ûnderfinings moatte dochs bewarre bliuwe? 25

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication