Iepen Kafee Troch Agatha Flier Wat wie it in gesellige drokte op 10 novimber yn “de Lytse Fjouwere” by it troch FDD en ús organisearre 60+ diner. SaÕn rom 30 gasten mochten we ferwolkomje, de Riensters wienen as earsten presint en fûnen in moai plakje om de rûne tafel. Mar ja, foardat it sop útservearre waard, moast elk oanÕe hân fan in spylkaart, in oar plakje sykje. En dat letter foar it toetje nochris, hilariteit alom, sa buorkje je ek ris mei in oar no!. Fred hie in hearlik menu yn elkoar draaid mei Oosterske gerjochten, wer ris wat oars as jirpels mei griente en in gehaktbal. It smakke tige by tige en dat wie te sjen oan de hast lege skalen, dy”t wer nei de keuken werom gongen. Elk is mei in foldien gefoel wer op hûs oangongen. Wy ha der nei ôfrin ek ien op nommen en seinen tsjin elkoar “dit kin wol wer ris”. As it om Fred kin, organisearje we dan ek as team fan it Iepen Kafee op freed 8 maart wer in 60+ diner, dat kin dus fêst opÕe kalinder fan 2024 skreaun wurde. Oant sjen by it Iepen Kafee! 28
29 Online Touch Home