41

#DE LJIP FAN ITENS Troch Watse Wylst hiel Nederlân yn de besnijing liket fan it telefyzje programma “Wie is de Mol?”, bedarre hiel Itens en omstreken, op 14 oktober 2023, samar yn in wier mystearje… Goed twa moannen lang ha wy ús allegearre eins mar ien ding ôffrege… Wa hat de ljip? Op 30 desimber kaam de aap út de mouwe of better sein, de ljip út de bus. Fjouwer froulju út Makkum stapten as lêste út de bus, mei yn harren hannen in ‘gouden koai’ en... dêryn siet ús ljipke! Einlings. Sy is dus wer te plak en hinget yntusken wer op har betroude plakje yn de Lyste Fjouwere. Mar as sy ris prate koe… no dan hie sy wol wat te fertellen hân. Want sûnder mis wiene it de moaiste twa moannen, sûnt har dea! Heech tiid om de froulju dy’t ús salang yn de besnijing hâlden ha, op te sykjen. Mar earst foar elkenien dy’t oant no ta gjin idee hat wêr’t dit allegear oer giet, in lytse gearfetting. Op sneon 14 oktober organisearren de mannen fan ’t muzykkafee inisjatief in muzykjûntsje yn de Lytse Fjouwere. Dêr spilet dan in coverband fan de ferneamde band Creedence Clearwater Revival en dêr is in protte folk op ôf kaam. Ek fan bûtenút. Der binne in protte Eastereinders, der is een groep motor-leafhawwers en der is in bus fol minsken út Makkum yn Itens delstrutsen. De jûn ferrint tige gesellich en sûnder bysûnderheden. Oant de oare deis.… As Eddy, Reinder, Tiede en Bouwe Jan it kafee oan it opromjen binne komme sy ta ûntdekking dat de opstoppe ljip fan de fûgelwacht fuort is. Sy stiet net mear boppe-op de kast mei dêryn de earste ljipaaien.… Fuortflein? It nêst ferlitten? Tefolle leven oan de kop of miskien in foarm fan predaasje? Hast 14 dagen lang bliuwt it stil. De ljip is spoarleas. Mar dan ynienen is der dochs in libbensteken. Op facebook! Sy fladderet rûn op it ynternet en hat no in eigen facebookpagina mei de titel ‘LJIP FAN ITENS’! Dat is it startsein foar alderhande komplotteoryen. Wa sit of sitte hjir efter? Elk yn en bûten it doarp wurdt op in gegeven momint wol fertocht. Do wiest der op dy jûn dochs ek? Do skriuwst ek wolris wat yn it Frysk! Ensafh., ensafh. en ûnderwylst belibbet de ljip it iene nei it oare aventoer. Der ferskine foto’s fan de ljip op it Freule ild yn Wommels. Sy kriget suertsjes as it Sint Maarten is. Sy giet mei it stimhokje yn as wy stimme meie foar de Twadde Keamer en sy dûkt ek op yn it bushokje fan Itens! 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication