Hy siet yn in tas, dy’t yn de hoeke fan de keamer stie. Mar doe’t wy oan it foto’s meitsjen ta wienen, wie de tas leech! Wat ha wy dêrnei in minne jûn en nacht hân. Mear as in dei hawwe wy fet yn de stress sitten! Wy wiene altyd o sa foarsichtich mei dat bist west omdat wy beslist net woenen dat hy stikken gie. As it reinde, wylst wy in foto nimme moasten, hiene wy der bygelyks altyd in paraplu boppe. En no wie dat hiele bist fuort! Wy ha sawat elkenien dy’t op dat feestje wie bylâns west om der efter te komme wa’t dy fûgel meinaam hie. Op in bepaald momint waarden wy belle troch in freondinne fan ús. Sy fertelde dat sy him foar de grap meinaam hie en tocht dat wy fuortdaliks wol troch ha soene dat sy der efter siet. Mar nee dus. Set har namme der mar by: “Stephanie de Groot!” Goh, wat hat sy ús in stress besoarge! Ik sjoch in wurklist op de tafel lizzen. Kinne wy noch mear ‘streken’ fan jimme ferwachtsje? “Nee hear, wy ha gjin plannen en as it der al fan komt dan moat it fansels hiel wat oars wêze as dit. It moaie hjiroan wie ek dat it sa spontaan ûntstie en dat elkenien it sa oppakte. Wat dat oanbelanget, ek kompliminten oan de mannen fan it muzykkafee hear! Geweldich hoe’t sy it oppakt ha. It feest dat sy foar ús en de thúskomst fan de ljip organisearre hawwe, wie wat ús oanbelanget tink ik it wiere hichtepunt! Op it lêst wiene wysels ek wol in bytsje klear mei dat bist. Der wienen in protte minsken yn Makkum al mei ús dûbellibben op’e hichte. Boppedat wienen der minsken dy’t in selde soarte fan facebookpagina oanmakken, dus doe gie de lol der foar ús stadichoan wol ôf. By ús thús wienen de measte partners en bern der ek wol klear mei. Wy ha allegearre wol in pear kear te hearren krigen ‘dat wy allinnich noch mar mei dy fûgel dwaande wiene’. En dat kloppet wol. Wy ha jimme miskien dwaande hâlden, mar wy hiene it der ûndertusken sels ek smoardrok mei. Sommigen fan ús leinen der nachts betiden wekker fan!” Altyd wolkom yn Itens! No froulju, neffens my moatte wy jimme foaral betankje foar alle fergeze publisiteit dy’t Itens e.o. tanksij jimme krigen hat! Tige tank dêrfoar, hjir koe gjin PRkampanje tsjin op! Ik soe sizze altyd wolkom by ús yn de ouwer doarpen! Mar wy hâlde jimme tenei foar de wissichheid fansels al wat mear yn ’e gaten! Elkenien yn Itens e.o. kriget de groetnis fan de fûgelfamkes út Makkum. Alie, Margreet, Harmina en Wiesje 45
46 Online Touch Home