Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ “Gjin hoanne jout ta dat hy oait in aaike wie” Rolpatroanen en ferwachtings. Elkenien krijt der mei te meitsjen en giet der op syn of har eigen manier mei om. Sa ek Petruchio en Katharina. Petruchio gedraacht him as in ûnmooglike macho, want hy is bang om útlake te wurden as hy syn gefoelige kant lit sjen . Katharina protestearret mei alles wat sy yn har hat tsjin de ûndergeskikte rol dy har as frou oplein wurdt. As Petruchio en Katharina inoar moetsje, ûntbrânt der in fûle machtsstriid wêrby gjin fan twaen ek mar in tombreed tajout. Underwilens giet Bianca, de suster fan Katharina, har eigen gong en wynt al har oanbidders om har finger. It bedimjen fan de njirre is in fleurige komeedzje oer minsken dy't himsels wêze wolle. Der binne ommers al genôch oaren. It ferhaal spilet him ôf yn it Itaalje fan de sechstjinde iuw. Het bedimjen fan de njirre is basearre op The Taming of the Shrew (Shakespeare) en The Tamer Tamed (John Fletcher). Fragen oer de kaartsjes? Meikoarten sil der ien fan de toanielferiening lâns de doar fan de donateurs komme mei de fraach of jimme ek kaartsjes keapje wolle. Donateur wurde? Dêr binne wy wiis mei. Jo krije dan 2 tagongskaarten mei in moaie koarting. It kostet 15 euro yn ’t jier! Losse kaarten (€10,- it stik) binne beheind te keap oan de kassa op de jûnen fan de útfiering. Tongersdei 21 maart hawwe wy de generale repetysje foar de skoalbern (groep 5 o/m 8) en sille wy om 19.00 oere begjinne. As der minsken binne, dy ’t freed of sneon net by de útfiering wêze kinne en it stik wol sjen wolle, dan binne dizze ek wolkom by de generale. Tagong is dan €10,-. Fragen oer kaarten? nimitsaitis@hotmail.com Oant sjen op 22 of 23 maart yn it doarpshûs ‘De Lytse Fjouwere’ in Itens! Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Hâlde jimme 22 en 23 maart frij yn de aginda?! 6
7 Online Touch Home