20

Hoe is it no mei…… Jan en Nel de Boer Troch Elisabeth Yn it Diggelfjoer fan maart hiene wy al tasein dat wy op besite soene by Jan en Nel yn Wommels. En dêrfoar stie der al in foto fan de ferhúswein yn de doarpskrante. Jan en Nel binne no delbêde yn Wommels en fertelle oan ús it ferhaal fan harren ferhuzing. Jan en Nel de Boer hawwe hast 55 jier yn Itens wenne, altyd op itselde plak, oan de Hearedyk 57. Sy kamen yn 1969 fanút Easterein mei harren húshâlding nei Itens en wiene doe de alderearste bewenners fan it hûs. Altyd hawwe sy mei in soad nocht dêr wenne. De bern binne hjir opgroeid, Jan hie syn geiten en hinnen efter hûs en ek yn syn grientetún krekt bûten it doarp hie hy in soad nocht. Nel hie in soad kunde yn it doarp, wie by de gymnastyk, yoga, plattelânsfroulju en paste wol op. De lêste jierren fernaam frâl Nel dat it hûs wat (te) grut waard. Ien fan de bern hie alris sein dat se miskien mar ris omsjen moasten nei in oar húske, in oanleunwenning ofsa. Jan en Nel hawwe harren doe ynskreaun by Leppehiem yn Akkrum, der fanútgeande dat sy dochs lang noch net sa fier wiene en der in ‘wachttiid’ wêze soe. En dat die bliken, se moasten miskien wol 10 jier wachtsje, krigen sy te hearren. Nei wat telefoantsjes fan de bern op oare plakken kamen se derachter dat der in appartemint yn Wommels frij komme soe, yn wensintrum de Bining, oan de râne fan Wommels. Dat wie begjin novimber. 20

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication