21

Fan doe ôf gie it hurd: 16 novimber krigen Jan en Nel de kaai. Nel begûn mei opromjen en útsykjen wat der allegearre mei koe nei Wommels. Want der wie yn 55 jier hiel wat guod kaam yn it hûs oan de Hearedyk. “En Nel is ek nochal fan it bewarjen, seit Jan, se kin altyd alles wer brûke”. Al gau waard dúdlik dat net alles mei koe nei it appartemint oan de Sybren de Vlasstrjitte. Tongersdei 7 desimber stie de ferhúswein foar de doar; Jan en Nel soene ferhúzje. Der bleau noch guod efter oan de Hearedyk, nei ’t de bern der troch west wiene hat de kringloop tusken kryst en ald en nij it hûs oan de Hearedyk leeghelle. “Achterôf gie it wol hiel hurd” seit Nel, “mar dat hiene wy doe net sa yn ‘e gaten. Yn earste ynstânsje wiene wy bliid dat der in appartemint foar ús wie en fansels hawwe wy folle help hân mei it ferhúzjen. Want wannear wie der oars earne in plakje foar ús west? En no se yn Wommels wat delbêde binne, moatte se eins beide noch wol wenne. Wat wolle jo ek nei 55 jier op itselde plak? De ferhuzerij hat der wol ‘ynhakt’. Nel hat wol in soad kunde yn de omkriten, hat har rydbewiis noch en is ferromme no ’t dit appartemint kwa skjinmak wol te ‘behappen’ is. Nel hat meniere, en dêrtroch wolris lêst fan dûzeligen. Sy hat har freondinne Tineke Vietor wer wat tichter yn de buert en Nel giet noch hast alle freeds nei akwajogging yn it swimbad fan Boalsert. Foar Jan leit it krekt wat oars. Syn gemoedsrêst leit noch yn Itens, seit er. It lêste jier woe it al net sa goed mear mei de grientetún yn Itens, mar hy mocht graach wat om hûs en hiem omstrune. En earder wiene der syn geiten, hy hat 35 jier geiten hân en is sels in kear kampioen fan Fryslân west mei in geit. “It moat gewoan wenne en ik moat mar in nije hobby betinke”, seit Jan, dy op 5 april 85 jier wurden is. No it moaie waar deroan komt mar lekker nei bûten! Lokkich binne Jan en Nel noch aardich sûn, al binne spitich genôch de ‘kwaaltsjes’ net yn Itens efterbleaun. Jan en Nel komme noch wol ris nei Itens, se binne al trije kear by de âldermiddei west fan FDD. Dêr prate se gesellich by mei âld doarpsgenoaten en helje se herinnerings op. Want se hawwe in moaie tiid yn Itens hâb. En se bliuwe abonnee fan ús doarpskrante. Sa kinne se noch moai op ‘e hichte bliuwe fan it nijs yn Itens en omkriten. It giet jimme goed, Jan en Nel! Zwembad de Klomp weer open vanaf 27 april Het is op ons zwembadterrein warmer dan buiten het dorp (scheelt soms wel 2 graden). De bomen en struiken om het terrein houden de wind tegen. Kom en ervaar het zelf! 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication