28

Tiden hawwe tiden Troch Watse 'Der wie ea ris... 'Yn in lân hjir hiel tichtby en in tiid dy’t eins noch mar krekt efter ús leit, moast de jongerein hielendal sûnder telefyzje en ynternet libje. Hja hiene sels net iens in mobile telefoan yn ’e bûse! 'Wat in hel', ropt ien fan myn dochters fan efter har iPad. 'Hoe kamen dy earme stakkers dan troch de tiid?' No, yn dy tiid seach de ferdivedaasje foar jongelju der yndied wol wat oars út as no! Sy wiene yn it wykein in protte op 'e dyk te finen en troch de wike lêze sy bygelyks in boek of harken nei de radio. Dy wie hast yn elts hûs wol oanwêzich, mar meastentiids koene hja der mar in pear stjoerders op ûntfange. Spultsjes waarden ek wol in soad spile. Mar de kar wie net sa rom as hjoeddeis. It wie kaartspyljen, dobbeljen of bygelyks eat as 'Mens erger je niet' of 'Ganzenbord'. "Wat freeslik saai man, ik bin echt wol bliid dat ik no libje!" As de jeugd wat âlder wie koene sy ek nei in kafee ta gean. Dy wiene der by’t soad! Allinnich yn Rien stiene der al trije! Mar dat koste fansels ek sinten en dy hiene de measte jongelju dan faak wer net rom foar hannen. Boppedat paste in regelmjittich kafee-besyk ek net sa goed by de libbensoertsjûging fan in protte minsken. Mar ha gjin noed, dit mearke hat fansels in lokkich ein. De jongelju fermakken harrensels nettsjinsteande alle ‘gemis’ faak poerbêst! Sadree as sy in jier as 17 wiene giene sy frijwol allegearre op dûnsles. Dêr moeten sy inoar en wie der fansels ek rom gelegenheid om in moai famke of krease jonge efkes beet te hâlden. Want jo kinne fansels nei de radio harkje oant jo der by delfalle, in aardich jongfeint of frijfaam sille jo dêr net sa gau moetsje! Dûnsles wie dêrom tige wichtich en hast elkenien die mar wat graach mei. Want wa net dûnsje koe, jaa... dy siet by de feestjes in protte oan de kant te koekeloeren en seach ta wylst de konkurrinsje wol mei dat moaie fanke dûnsje koe. Foar de dûnsles sammelen de manlju harren faak op hichte fan de bar, wylst de famkes in plakje sochten by de tafels oan de oare kant fan de dûnsflier. 28

29 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication