Fan de redaksje Tiid foar in feestje! Ofrûne moanne binne wy as redaksje (wer) by de doar lâns west om te suteljen mei Fryske boeken. Tanksij jimme oankeapen kinne wy wer in moai bedrachje byskriuwe. Dus tige, tige tank derfoar! Mar no't wy it dochs in kear oer jildsaken ha, lit ik dan foar dizze iene kear der noch mar wat oer sizze. Want it Diggeloer hat nammentlik wol gauris lêst fan jildpine. Fansels kin elk dy't it wichtich fynt it Diggeloer stypje troch bygelyks in (jierlikse)donaasje te dwaan of it Diggeloer op te nimmen yn in neilittenskip. Mar ik woe hjirby eins ek in oprôp dwaan oan de organisaasjes binnen ús mienskip dy't in mear algemien belang tsjinje en wat rommer yn de sloppe was sitte. ‘Stypje it Diggeloer en/of oare goede inisjativen mei in krappe kas as it heal kin sa rom mooglik.’ It binne neffens my presys sokke inisjativen dy’t der mei foar soargje dat in mienskip libjen bliuwt. Wa’t it krekt organisearret is neffens my fan ûndergeskikt belang. Wy ha der no in protte drokte fan om eltse kear de sinten byinoar te swyljen en wy binne fansels leaver dwaande mei it skriuwen en sammeljen fan moaie ferhalen. Sa! Dat is derút! Genôch dreech praat, it is maitiid! Wy kinne wer nei bûten ta en ha lekker de hiele simmer noch tegoede. Dêr hearre fansels ek in pear moaie feestjes by en dy binne der gelokkich! It begjint op 11 maaie mei de Swit & Sit Rin. Op 15 juni komme de dielnimmers oan de Slachtemarathon oan ús foarby. It Rikkersfeest yn Rien sil dit jier plakhawwe op 29 juny en twa wike letter, op 12, 13 en 14 july is it dan tiid foar it doarpsfeest. Is jimme buert of doarp al dwaande mei de tarieding? Yn dizze edysje fan it Diggeloer krije jimme it lêste nijs oer alle feestjes dy’t ús noch te wachtsjen stean en fierder falt der fansels ek wer fan alles en noch wat te lêzen. Ik hoopje elkenien te moetsjen by ien fan de kommende aktiviteiten. Ik soe sizze nim it derfan! Watse Wer in moai famke dizze kear. Wa herkent dizze faam? In de lêste Diggelfjoer stie in foto fan Geertje Vrieswijk út Rien! 5
6 Online Touch Home