Want dizze foto lit sjen dat it biljert der echt stien hat. Lytse Simon sit hjir nammentlik boppe op de biljerttafel fan syn pake Dooitze. Efter Simon is noch in stikje fan de eardere bar sichtber. De doar efter Simon jout tagong ta it priveefertrek fan de famylje Smeding. Dat is in lytse keamer oan de kant fan de dyk. Simon sit hjir op ’e foto dus mei syn rêch nei de dyk ta. De lêste foto is fan Dolf, Erna, Simon en Tineke, wylst sy it skilderij fêsthâlde dat altyd by harren mem yn de keamer hong. De skilder (B.Sieperda) moat dit wurk makke ha op it plak dêr’t ek dizze foto makke is. Ta neitins oan Gré Jansen – Smeding 20
21 Online Touch Home