Is de fûgelwacht wat jimme oanbelanget wol takomstbestindich? Ik bedoel bern gean net mear it lân yn om te aaisykjen en de measte fûgels hawwe it ek mar tige dreech. Allegearre tagelyk: ‘Jawis sit der takomst yn ’e fûgelwacht. Jan: “Neffens my giet it hieltyd mear de goede kant wer op. Der binne hieltyd mear boeren dy’t harren bewust binne fan it feit dat sy ek each foar de natuer ha moatte. Tagelyk komt der hieltyd mear jild beskikbaar foar it beskermjen fan de greidefûgels. Ek de mooglikheden om ‘predatoren’ (binne natuerlike fijannen of rôfbisten, red.) koart te hâlden nimme ta. Us eigen fûgelwacht hat dan ek noch in bredere maatskiplike funksje. Dus neffens my sit it mei de foarútsichten wol goed.’ Ambysjes Wat binne jimme plannen foar dit jier en fansels ek foar de jierren dy’t noch komme? Jan: ‘Ien fan de dingen dêr’t wy meidwaande binne is it realisearjen fan briedkasten foar de Berchein. Wy ha der no ien tichtby de Swellewâl fan Lytsewierrum mar wy wolle eins tichtby elk doarp sa'n kast ha. Bercheinen meie graach yn in hol ûnder de grûn briede, dus it binne kasten dy’t yngroeven wurde moatte, tichtby de sleatswâl. Wa’t in moai plakje foar sa’n kast hat moat beslist efkes kontakt mei ús sykje.’ Jurjen: ‘Ja en jimme moatte dit jier ek de Bingo wer efkes oppakke no, want dat is der it ôfrûne jier by yn sjitten.’ Favo fûgel Wat binne eins jimme persoanlike favorite fûgels, mannen? Edgar: ‘Ja no, ik wit net oft it handich is om te sizzen mar de frijwilligers dêr’t ik de neisoarch mei doch neame my tsjintwurdich wol ‘mr. Merkel’. Dat komt omdat ik eins alle nêsten dy’t wy tsjinkomme yn it ild registrearje mei de spesjale app fan de BFVW. Ek nêsten fan de poep dus. It is beslist net myn favorite fûgel want dat is en bliuwt dochs wol de ljip’. Jan: ‘Shit, dy wol ik ek neame. In skries fyn ik ek moai hear. Mar om te sjen en yn dwaan en litten is it dochs ek foar my de ljip favoryt. Mei de putter as moaiste sjongfûgeltsje.’ Jurjen en do? ‘Dan kies ik foar it tomke. Dat der sa’n soad leven út sa’n lyts fûgeltsje komme kin fyn ik altyd prachtich om te sjen en te hearren’. Ek lid wurde? Eartiids krige eltse nije ynwenner fan de Fjouwer Doarpen besite fan in sekere G. Koldyk. Dy sei dan dat elkenien yn it doarp lid wie. Mei oare wurden ‘it soe wol hiel nuver wêze as jo net lid waarden…’ Passe jimme dizze taktyk noch altyd ta of giet it hjoed de dei dochs wat oars. Jan: ‘Dy posysje stiet ek noch iepen!’ Jurjen: ‘Wy sykje noch ien dy’t dêr lykas Germ mei fuortkomt’, mar mei tanksij syn ynset ha wy no wol in hiele protte leden!’ 24
25 Online Touch Home