“Minsken witte net altyd wat dit is, mar ik bin in protte dwaande mei biology en biomedyske technyken”. Hy fynt it in moaie stúdzje en komt noch elk wykein thús nei Easterein. Hy mei dan graach piano spylje en is mei syn heit dwaande mei de ferbou yn de pleats. Engelien: “Jente is ús ynstallateur. Hy hat hjir tegearre mei Johannes in soad betrieding oanlein en ynstallaasjewurk dient.” As ik letter mei de famylje in slach troch de pleats mei, sjoch ik de technyske ynteresse werom yn de brommer wêr’t Jente oan sleutelt: “Mar wol hielendal op elektrysk. Ik meitsje myn eigen batterij en hy koe al ride oan’t healwei Easterein”, laket Jente. Johannes Dijkstra is yn Boalsert berne, seit er: “Mar al gau ferhúzen wy mei heit en mem, myn broer en sussen nei Easterein. Fanôf myn tienerjierren binne wy ferhúze nei de pleats oan de Hearedyk yn Itens, wêr’t myn mem no noch wennet.”. Engelien fertelt dat se yn Allingawier opgroeit is en doe’t se yn 1997 Johannes tsjinkommen is, binnen se tegearre yn Easterein bedarre. Engelien: “Mar net foardat we, nei ús stúdzjes reizige ha. Tegearre hawwe wy hast in jier yn Asie west. Dêr ha we in protte besjoen: Australië, Laos, Singapore, Maleisië, Thailân. Prachtich .” Werom yn Fryslân, hiene se gjin wurk en gjin wenplak. Johannes bedarre nei syn stúdzje ‘levensmiddelentechnologie’ by de Drie Mollen (no United Coffee Company) en Engelien, mei har stúdzje yn de sjoernalistyk yn de marketing en kommunikaasje by it bedriuw Movacolor. Engelien: “Wy tochten, dan earst mar Easterein. En yn it doarp ha we prachtich wenne.” Sunt in pear jierren wie it stel wol wat op syk nei mear romte om it hiem en wat avontoer. Se woene graach bûtenút. Se ha hjir en dêr wol wat bean op moaie plakjes, mar it wie it steeds krekt net. Neidat se in skoft lyn by de eigners fan de pleats al ris in bryfke yn de bus dien hiene, belle de eigner. “S soene ferhúzje en de pleats kaam op Funda”, seit Engelien. En sa kaam it klear. Yn jannewaris 2023 koene se d’r yn. Op is stuit wurket Johannes as haad fan de sintrale kwaliteitstsjinst fan Cloetta. Dat bedriuw sit ek yn Snits en makket u.o. kougom en sa. Johannes: “Wy ha 7 fabryken yn Europa, yn Sweden, Ierlân, Slowakye en Belgie. It is in grut bedriuw en dat is moai”, seit Johannes, “d’r wurkje sa’n 2500 man”. It is in drokke, mar moaie baan. “Ik kin ek in protte fanút hûs dwaan”, fertelt Johannes. Engelien is Manager Business Development en Public Affairs by Campus Fryslan fan de RUG yn Ljouwert. Sy haldt har ûnder oare dwaande mei kommunikaasje by dizze kampus, is wurdfierder, mar is ek in soarte fan ‘makelaar’ tusken ferskatene organisaties en it underwiis en ûndersiik fan de campus. “Wy binne in protte dwaande mei it finen fan lokale oplossingen foar fraachstikken dy’t oer de hiele wrâld spylje sa as circulaire ekonomie, technologie, goed bestjoer, mar ek behâld fan natoer, mienskip, sûnens, taal en kultuur. It is moai om sa fan betsjutting weze te kinnen”, fertelt Engelien. Dat se harren neist de drokke banen net hoeche te ferfelen thús, blykt wol út de ferbouplannen wer’t se oer fertelle: “De pleats is yn goede steat , mar je foeche der wer in nij haadstik oan ta, dat is it avontoer”. 32
33 Online Touch Home