48

Hoe giet it no mei… âld ynwenner Minne Zwaagstra? Troch Watse Foar dizze rubryk sykje wy kontakt mei minsken dy’t lange tiid diel útmakken fan ús mienskip, mar no earne oars in plakje fûn ha. Dizze kear is Minne Zwaagstra ús haadpersoan, mar ik sil fuortdaliks mar bekenne dat ik in protte eigen belang hie om Minne te freegjen foar dit stikje. Wy diele nammentlik in foarleafde foar de autocross en dat is foar ús beiden eins op itselde stuit begûn. Minne: “Ik bin berne yn 1971 oan de Monsamabuorren 3 yn Hinnaard. Doe’t myn heit de pleats ferkocht oan de famylje Zoodsma, binne wy yn de eardere iepenbiere skoalle oan de Hearedyk 1 kommen te wenjen. Dêr ha wy oant en mei 1984 wenne. Ik gie nei de iepenbiere skoalle en wie doe altyd in protte by Ronald Tijink. Nei myn tsjinsttiid bin ik yn de bou oan it wurk gien en bin der eins nea wer útrekke. Sûnt 2007 haw ik myn eigen mitselbedriuw: Zwaagstra Metselwerken. Krekt nei’t ik foar mysels begûn wie ûntstie de krisis yn de bou. Dat foel beslist net ta, mar ik ha eins nea sûnder wurk sitten. Ik mitselje fansels in protte mar doch ek in soad oar wurk. Lykas foegje, ympregneare, lead ferfange en ek wol komplete gevel renovaasjes. Sa bliuwt myn wurk ek ôfwikseljend. Ik haw in protte wurk yn Amsterdam en omkriten, mar fansels ek wol yn Fryslân. Minsken dy’t in mitsel- of gevel putsje ha meie mei gerêst skilje.” Crossauto’s Doe’t ik yn de achtste klasse fan de legere skoalle siet, hienen wy út it klasselokaal wei sicht op it lân efter jimme eardere pleats en it leanbedriuw fan Wiebren Rispens. Us master, Wopke Dragstra, mocht altyd ferrekte graach oer de polityk eamelje mar ús ynteressearre dat fansels gjin moer. As der dan oan de ein fan de middei ynienen crossauto’s fan efter jimme pleats it lân yn stoden, dan koe Wopke prate oer de PvdA wat er woe, mar ús gedachten wienen dan earne oars! Nei skoaltiid fleagen wy dan fuortdaliks op`e fyts nei jimme pleats ta om te sjen wat der allegearre barde. Dyn broer Fokke wie dan faak oan it sleuteljen en eltse kear as hy wat oan de auto feroare hie, moast it fansels ek wer efkes testen wurde. Dan waard de auto wer starten en fleach hy mei in protte kabaal de reed, efter jimme pleats, op en del. 48 Replika Kwek

49 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication