50

Ik fûn it prachtich en wie faak by Fokke yn it hok te finen. Hy fûn it altyd goed en stjoerde nea ien fuort. Earst wiene it Simca’s en letter waarden it Renaultjes 12 dêr’t Fokke mar ek Siepie Boonstra en Nanne Boon út Rien yn riden. Foaral mei dy Renaults koene sy hiel goed meikomme. Sy wiene ien fan de earsten dy’t gebrûk makken fan dizze auto’s mei oandriuwing op de foartsjillen en dat gie hiel goed. Ik wit noch dat Fokke in wite Renault 12 hast hielendal klear makke hie foar in autocross yn Skearnegoutum. Doe seach ik ynienen dat der hielendal net in rolkoai yn siet. Ik sei tsjin Fokke: “Hoecht der net in koai yn?” Fokke reagearre mei: “ferrek ja, dat bin ik eins hielendal fergetten. Hy loste it op troch in grutte houten balke ûnder it dak te setten. Dat mocht doe nammentlik ek noch. De cross yn Skearnegoutum waard úteinlik ôfsein omdat it te wiet wie, mar Fokke en in pear oaren hiene noch wol efkes in pear rûntsjes riden. Fokke kaam út de auto en sei doe tsjin my: “Der moat dochs mar in koai yn, want sa kin it ek net. Ek wit ik noch hiel goed dat hy altyd in stjoerknop op syn stjoer sette. Sokke dingen fine jo faak ek wol werom yn in trekker, want dan kinst mei 1 hân maklik it stjoer in pear slaggen omdraaie. Sokke dingen ferjit ik nea wer.” Kwik, Kwek en Kwok Neidat hy in oantal jierren mei Renaults yn de rodeoklasse riden hie begûn Fokke te bouwen oan in auto foar yn de swiere klasse. Dêr diene auto’s mei swiere V8 motoaren oan mei. Fokke brûkte it ûnderstel fan in Toyota Crown, die dêr de carroserie fan in einepyk/2CV boppe-op en brûkte de motor út in Ford Mustang. It gehiel waard skildere yn klassike Citroën kleuren. It idee kaam tink ik fan Douwe van der Weide, want dy hie nammentlik al earder sa’n soarte auto makke. De auto fan Douwe hie efterop de namme KWIK stean en dy fan Fokke krige de namme KWEK. Om ende by dyselfde tiid boude Nanne Boon in auto foar yn de ‘keverklasse’ mar hy seach it net sitten om mei de namme KWAK om te riden, dus hy neamde syn auto KWOK. Ik hear Nanne noch syn eigen ferklearring jaan: “Ik was toch altijd al een vreemde eend in de bijt”. De beide crossende einepiken fan Douwe en Fokke wiene op eltse cross in tige opfallende ferskining. It wienen net de aldersnelsten, mar sy fûlen troch harren úterlik beslist op. It kaam ek wol foar dat oare dielnimmers besochten om de beide einepiken yn de feart te triuwen. Sa fan ‘dêr hearre jimme thús’. Fokke wie in kreatyf man. Hy fûn fan alles út om syn auto sneller te meitsjen. Nei de earste pear crossen kaam hy ta ûntdekking dat syn auto eins wat te licht wie en dêrtroch te folle stuitere. Fokke loste it op troch wetter yn syn bannen te dwaan. Gjin idee hoe’t er dat die, mar it wurke perfekt. Soks mocht fansels net, mar der wie nimmen dy’t der ea oan tocht om op soks te kontrolearjen. 50

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication