De Trochknaller Doe’t de keatsferiening yn Makkum 100 jier bestie ha ’k tegearre mei noch immen út Makkum mei skreaun oan in keatsrevu. Doe’t in pear jier letter de Makkumer Autocross 30 jier bestie waard ik opnij frege om mei te tinken. It earste idee wie om wer in revu te meitsjen mar dat seach ik eins sels net sa sitten. Oer it algemien sil it autocross-publyk net sa gau nei in toanielfoarstelling ta gean en ik woe graach wat meitsje dat sawol de leafhawwers fan toaniel mar ek seker it typyske autocross publyk oansprekke soe. Doe ha wy úteinlik betocht om de crossbaan te belûken by it spul en ek echte crossauto’s en live rockmuzyk te brûken yn it stik. Mar foar sokke stikken bestean fansels gjin draaiboeken en dat betsjut dat jo mei-inoar it tsjil opnij útfine moatte. Benammen de timing tusken it spyljen, de livemuzyk en de ridende auto’s wie tige wichtich en hat hiel folle tiid koste. Om ferhalen en anekdoates te sammeljen bin ik ek op besite west by crossers fan doe, út Makkum, Hallum en Hollân. Ik ha sokke moaie ferhalen oanheard en sa ferskriklik hurd lake Watse. Tuskentroch krigen wy ek noch te krijen mei de koroanakrisis. Dat hat der úteinlik ta laat dat it stik 2 jier útsteld is. It wie in meunster opgave en hat in geweldich soad tiid en enerzjy frege, mar it hat úteinlik 3 geweldige foarstellings en in gouden Gurbe oplevere. Op in bepaald momint wiene wy der oan ta om crossauto’s te regeljen foar yn it stik. Fan in oantal auto’s wist ik daliks al dat ik dy beslist yn it stik ha woe. Myn eigen persoanlike favoryt fan eartiids, de nû. 20 fan Gerrit de Vries út Hallum en fansels de replika einepyk fan Fokke syn eardere crossauto. Wy ha in hiel soad tiid en geduld frege fan de riders dy’t meidien ha. Sy fregen harrensels lange tiid ôf wêr’t sy no eins mei dwaande wiene, mar as ik harren no wer ris tref hawwe sy it der eins allegearre oer hoe moai it wie. Dat docht jo dan wol hiel goed. Automatysk lid In skoftke nei de trochknaller trof ik Piter Jonker wer ris. Hy sei tsjin my: “Do moast de pyk ophale Minne, want anders gaat hy straks in de griper”. Troch de ferhalen dy’t ik him ferteld hie wist Piter wol dat ik in bysûndere bân hie mei syn einepyk. Hy fertelde my dat hy der eins te min tiid foar hie en wol fan syn pykje ôf woe. Ik sei tsjin Piter dat hy de einepyk net yn de griper dwaan mocht en dat ik him dan byneed mar oernimme moast. Sa is it kommen dat ik no sûnt in pear wiken sels de eigener wurden bin fan KWEK. De einepyk mei in swiere Amerikaanse motor ûnder de kap. Tagelyk bin ik dêrmei ek ynienen lid wurden fan de ‘âlderwetske stockcar club’. Want elk dy’t in âlde stockcar yn it hok hat is skynber automatysk lid. By Piter hie de auto de lêste jierren bûten ûnder in kleedsje stien, dus ik ha him earst hielendal neisjen litten en ek opnij skildere. Ik ha Fokke syn namme op `e auto setten en ek krektlyk as Fokke dat hie in stikker der opplakt fan Wiebren Rispens syn leanbedriuw. Hy is no hielendal klear foar myn earste cross op 29 juni yn Makkum. Ik ha der sin oan. De sirkel is rûn.” 53
54 Online Touch Home