55

It origineel, yn aksje yn it lân efter ús eardere pleats. Op de eftergrûn it leanbedriuw fan Wieberen Rispens Watse: “Doe’t myn broer Fokke de orizjinele KWEK makke wie ik in mantsje fan in jier as 5. Ik wie sûnder twifel syn aldergrutste fan en hartstikke grutsk, mar ride wie der foar my fansels noch net by. Ik bin net fierder kaam as der yn sitte en dan sels it lûd fan de motor neidwaan. Oant ik op 30 maaie by Minne op besite gie om dit ferhaaltsje te meitsjen. Minne wachtet my op mei de crossauto njonken him op de oprit. Ik ha eins gjin kar en wurd fuortdaliks efter it stjoer fan syn crossauto setten en dan mei ik in lyts blokje om, oer it parkearterrein. Machtich. Wat in lûd en wat in lekker gefoel! Tige tank Minne. Tanksij dy is myn sirkel ek rûn. Fokke is ferstoarn yn 2006 en leit begroeven yn Itens. Syn replika hat hy spitigernôoch nea riden sjoen, mar ik bin der wis fan dat hy sa grutsk as in pau west hie.” Kwik fan Douwe vd Weide Minne tinkt mei waarme gefoelens werom oan syn tiid yn de Fjouwer Doarpen. “As ik oan de oare kant fan Snits wêze moat, ryd ik eins altyd binnentroch.” Wa’t Minne en KWEK sels graach ris riden sjen wol kin op 7 septimber noch te plak yn Blijham en oars yn 2025 yn Makkum en Hallum. Wa’t ferlet hat fan in mitselbedriuw kin Minne berikke fia zwaagstrametselwerken@kpnmail.nl 55

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication