Martzen jout har kennis oer dizze keunstige koes stap foar stap ek oan oaren troch. Feare krijt de latte art ek hieltyd better ûnder de knibbel. By Rosies, in lyts koesaakje yn Enschede, breidde Martzen har hoareka ûnderfining út. Minsken op har gemak stelle At it om ûnderfining geat, ha’t Martzen it net allinne oer it yt- en drink gedeelte, mar frâl ek oer it kontakt mei de minsken. ‘Dat is eat wat by ús allegearre past, wy fine it leuk om minsken op har gemak te stellen,’ leit Wietske in belangrike wearde fan de húshâlding út. Mei it taarten meitsjen fan Feare, de koekennis fan Martzen en de gastfrijheid mei jûn troch heit en mem, is der in moaie basis foar in eigen ûndernimming. Mar dit echt tapasse yn har eigen teetún? Dy mooglikhyt kaam der pas ein 2023 by it frijkommen fan in stikje grûn neist it hûs fan Harry en Wietske. Puzzelstikjes falle yn in oar Der wie altyd wol de dream om ris wat mei de ferskillende hoareka-kwaliteiten te dwaan, mar dizze simmer kaam alles by inoar. It begjin wie it ekstra stikje grûn, hjirmei wie der romte om neist in stikje privétûn ek oaren geniete te litten fan it prachtige plakje op Hinnaard. Feare studeare ôf foar har oplieding Tún en landschapsontwerp en makke in moai plan foar de blommetún. Martzen sil tegearre wenjen yn Den Haag en socht noch oar wurk. Op de boatreis nei Noorwegen fûl in oar puzelstikje te plak. Harry koe foar de simmer wol in oar wurkje plakje fine en sa kaam it túnhúske frij. Kringloopwinkels waarden ôfsocht foar moai en deeglik servys, in logo waard makk en yn de lêste dagen fan Feare har studzje koe se noch moai de posters printsje. De pop-up teetún Taart op Hinnaard wie klear! Ferwachtingen foar de teetún wienen der net. ‘At der niks bart, dan gean we ús hús fervjen,’ hâld Wietske sichself foar. Mar it rint goed. Wietske, Martzen en Feare geniete fan de minsken dy ’t op har beurt wer genietsje fan de ontspannen sfear, moaie omjouwing en lekkere taart en koe. ‘Jim sitte gewoan yn ús tún,’ betinkt Feare sich wolris at se de kompliminten fan de gasten yn ûntfangst nimt. As húshâlding ha se ek in soad wille fan har doel en de tiid mei inoar. ‘Hiel lichtjes,’ Feare hat it kantsje mei molke yn har hân, Martzen hat har hân der wer boppe op en jout foarsichtich druk. ‘Wat nei foaren, kinst it fiele?’ Konsintrearre sjogge de dames nei de cappuccino, wer’t stadich oan mear molke yn komt. ‘Noch eat mear,’ Martzen ferskood har hân in bytsje en nimt de hân fan Feare mei. De wurden fan harren mem: ‘Feare hoelang moat it noch yn de ûne?’ hearre se yn har fokus net. Mei de lêste drip, giet it kantsje wer omheech en is in hert sichtber. De suskes jouwe inoar in high five. ‘O, wat is dizze moai wurden!’ 21
22 Online Touch Home