39

De Dútsers wiene dwaande mei in weromtocht rjochting Hollân mei it doel om harren dêr te groepearjen en salang mooglik út hannen te bliuwen fan de oprukkende Kanadeeske soldaten. It ferset wie troch radio Oranje krekt oproppen om de Dútske ôftocht safolle mooglik te beheinen. Dat dienen sy û.o. troch brêgen sadanich te sabotearjen dat boaten en auto’s der earst net mear lâns koene. Ek de brêge yn Rien waard op dizze wize in doel foar de fersetsminsken. Betink goed dat de dyk en it wetter yn dy tiid folle wichtiger wiene as hjoeddei omdat der ienfâldichwei net safolle brêgen wienen, lit stean grutte trochgeande diken. Neffens de ferslaggen, dy’t nei de oarloch skreaun binne, ûntstie der koart foar de befrijing in fjoergefjocht by de brêge yn Rien tusken in pear Dútske soldaten dy’t dêr wacht hâlden en minsken fan it ferset dy’t de brêge iepen setten hiene en dwaande wienen om in grutte wein yn it wetter ûnder de brêge te triuwen. Meardere boarnen fertelle hjiroer. Yn al dizze ferhalen wurdt beskreaun dat ien fan de fersetsminsken, in sekere Coop, yn ’e búk sketten wurdt en him dêrnei ferstoppet ûnder in stalt bylâns de Frjentsjerterfeart. Yn ien fan de ferhalen stiet dat ek in Dútske soldaat yn ’e mage rekke wurdt troch in kûgel ôfkomstich út it pistoal fan Tetsje Eringa. Dat ferhaal seit dat de beide ferwûne mannen by de nontsjes yn Snits opereare wurde en dêr it einde fan de oarloch ôfwachtsje. No waarden foar it besjitten fan Dútske soldaten troch boargers yn `e oarloch altyd represailles nommen. Dus as it ferhaal oer de ferwûne Dútser echt wier is dan koe it bêst ris wêze dat sommige minsken yn Rien oan de dea ûntsnapt binne. Want de Dútsers hiene de gewoante om represailles út te fieren op it plak dêr’t yn har eagen misdriuwen tsjin harren begien wiene. De slachtoffers fan in represaille wiene of saneamde ‘toteskandidaten’, dat wiene minsken dy’t de Dútsers earder al oppakt hiene, of sy pakten by willekeur in pear manlju op yn de omjouwing fan it plak dêr’t it misdriuw him ôfspile hie en setten dy foar it fjoerpeloton. Gelokkich is ús dat hjirre besparre bleaun. It kin fansels ek sa wêze dat der gjin Dútsers ferwûne rekke binne by de konfrontaasje mei de fersetsminsken. 39

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication