7

In weromblik fan de sjuery Troch Agnes Watse frege my of wy noch wat fertelle woenen oer ús sjuery-aventoer yn Itens. Fansels wolle we dat. Dus ha ik de ferreinde papieren mei oantekeningen út it âld papier fandele en sit ik no lekker yn it sintsje noch efkes nei te genietsjen. Want wat wie it in prachtige middy en wat ha we genoaten fan jimme ynspanningen om der wat moais fan te meitsjen. Yntocht It begong mei de yntocht, Rien kaam as earste langs yn in de kleuren fan it wapen fan Rien run in bûnt selskip foarby. Wy krigen in papier yn de hannen drukt mei in sels skreaun ferske der op, hielendal aardich. It ferske wie amper te hearren yn de optocht mar se dienen in dapper besykjen yn de streamende rein. In moai ferklaaide findeldrager gong foarop en der achteroan in ferskaat oan sporters. It wie fuort dúdlik wa de maskotte wie, hielendal yn detail prachtich ferklaait as it wapen fan Rien. Dat dizze maskotte út Rien kaam wie ek net te missen, in aardich detail; Rien op e’ kont. In tredde plak mei 8 punten foar de yntocht fan Rien en in earste plak mei 12 punten foar de maskotte. Dernei kaam Itens-Midden foarby. Sy hienen wat muzyk mei wat de boel wat opfleure, en in grut ferskaat oan sporters kaam foarby. Fan ljeppers tot riders en hynstesporten en noch folle mear. Se hienen sels in sylboatsje mei. Jong en âld run mei yn de optocht en dat is altyd moai. Dat de Noorman mei it moaie grutte swurd Grutte Pier wie en as Fryske strider as maskotte mei run wie net foar alle sjueryleden fuortendaliks dúdlik mar wie al moai betocht. In twadde plak mei 10 punten foar de yntocht en in twadde plak foar de maskotte mei 10 punten. Doe kaam Hinnaard foarby. In stoet muontsen lutsen de klokkestoel mei in bûgele kloklieder mei. Mei allerhande bellen skode it selskip wat roppend foarby. It wie in moaie ienheid, en seach der fersoarge út, mar wy misten de oansluting mei it tema al wat. De kloklieder wie de maskotte wêze, dy wie moai ferklaait en run as âld man mei. In irde plak mei 7 punten foar de yntocht en in dielde irde plak mei 6 punten foar de maskotte. Dernei wie Itens-Oost oan bar. Moai yn it wyt ferklaait mei gouden lauwerkrânsen en kreative sandalen lutsen se in twatallen as Romeinske striders foarby. Der wie wat muzyk en der war in besykjen dien om in dûnske te dwaan. Der rûnen gjin bern mei en in ferklaaide Obelix wie de findeldrager en de maskotte. It hûntsje ûnder de riem wie in aardich detail wat ús opfoel. In fiifde plak mei 6 punten foar de yntocht en in dielde irde plak mei 6 punten foar de maskotte. 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication