Yn Sleat kaam ik der efter dat al it iten dat ik meinaam hie yntuskentiid beferzen wie. Mar dat blykte eins hielendal gjin probleem te wêzen. Oeral wie wol wat te krijen en der waard ús ek fan alles oanbean. It waard allinnich noch spannend troch it geroft dat sy de riders miskien fan it iis ôfhelje soene omdat it oerdeis teiwaar wie. Yn de doarpkes en stêden krigen wy somtiden sokke ferhalen te hearren en dat makke my al wat senuweftich. Ik tocht it sil dochs net! Mar it foel ta gelokkich. Doe’t ik oer de streek kaam hie ’k eins allinnich wat seare ankels. Jo ride fansels net sa faak sa’n ein en it kaam tink ik ek omdat wy ûnderweis in protte klune moasten. En doe kaam de winter fan 1986 en wie it samar wer raak. Wat in gelok! Ik wie nei de tocht fan ’85 ek lid wurden, dus de tarieding wie no in stik rêstiger en better. Boppedat wisten wy no wat it ynhâlde soe. Mar dochs wie de tocht fan ’86 hiel oars as dy fan ’85. It wie folle kâlder en der stie folle mear wyn. Troch dy wyn wiene der folle mear ‘pelotonsjes’ op it iis en yn de groepkes barden wol gauris ûngemakken. It is my gelokkich besparre bleaun. In oar probleem wie dat der in protte sân en modder op it iis lei. Hjir en dêr wie it lân al bewurke en troch de hurde wyn wie der sân oer it iis stood. De redens waarden dêrtroch sa stomp as in boerd. Ik ha mysels ûnderweis in pear kear ôffrege oft it wol goed komme soe, want it woe betiden foar gjin meter ride fansels. Mar doe seach ik by Parregea in wat âldere man lâns de kant fan de feart yn de reiden sitten. Hy wie redens oan it slypjen. Ik nei him ta om te freegjen oft hy dy fan my ek slypje koe en hoelang soks duorje soe. Hy sei: “Jawis kin dat wol. In kertier 20 minuten, dan binne se wol klear.” Ik tocht, dat is neat op sa’n dei en frege de man om myn redens te slypjen. Dus ik de redens út en doe sei de man ek noch tsjin my: “Gean hjir oan de oare kant fan de dyk de hûs mar efkes yn, want dêr hat myn frou de snert klear stean!”. No dat berjocht gie derby my yn as in preek yn in âlderling, dus ik de hûs yn. Wylst ik dêr hearlik fan de snert siet te iten koe ik bykâns ek noch efkes telefyzje sjen. Presys op it momint dat Evert van Benthem oer de finish kaam, siet ik yn Parregea oan in lekker bakje snert. No it koe hast net better. Boppedat koe ik dêrnei ek noch mei skerpe redens wer op paad. Ik sil ‘t dy sizze ik ha hearlik wer fierder riden. De tredde tocht yn ’97 gie ek hiel goed. Ik wie doe sawat 40 jier en ik ha noch bewuster geniete fan de minsken en de sfear, as yn ’85 en ’86. Mei sa’n publyk om jo hinne kinne jo eins ek net stikken. By it draven fan lange wedstriden lykas maratons ha ’k wolris stienkapot sitten, mar mei de Alvestêdetochten foel it alles ta.” 10
11 Online Touch Home