41

Zondag 13 juli start met koffie en houden we het traditioneel met onder andere het kaatsen. En ook de fietstocht komt terug! We voegen nieuwe elementen voor verschillende leeftijden toe aan het programma. We sluiten het feest af met de klanken van een troubadour. Tot zover de ontwikkelingen rondom het dorpsfeest. Wij nemen aan dat jullie 11-12-13 juli in jullie agenda hebben staan en vrijhouden voor elkaar! Dit jaar zien we toeschouwers en morele ondersteuners ook als deelnemers. Wij gaan ons nu richten op het tijdschema! Een feestelijke groet van de feestcommissie! Jan, Iris, Fred, Rein, Ron en Elisabeth Kom yn de kunde mei…… Rein en Jolanda Hottinga út Rien Troch Elisabeth It wie ferline jier simmer dat Rein en Jolanda Hottinga yn Rien kamen te wenjen, oan de Molmawei 17. Yn juny krigen sy de kaai fan it hûs en 30 juny binne sy ferhuze. As echte doarpsminsken wiene sy krekt 2 wike letter al by it doarpsfeest yn de Fjouwer doarpen oanwêzich…. Rein fertelt dat de Riensters him frege hiene foar de ‘act fan Rien’. Bouwe Jan wie troch omstannichheden útfallen en der waard in nij manlik ‘slachtoffer’ socht foar de presintaasje yn (giele) swimbroek. Fuort mar, tocht Rein, dan lear ik gelyk wat minsken kennen. Dat is wol slagge! Rein en Jolanda wenje je no sa’n 8 moanne yn Rien en foldocht poerbêst. Se wennen earder yn Snits, mar dêr waard harren it hûs nei 7 jier te grut. In split level hûs mei in soad treppen en no ’t ek de bern net mear yn hûs wennen, wie der in soad romte oer. Doe binne sy op syk gien nei in oar hûs, mei dêrby de winsk foar frij útsicht en in hûs mei karakter. En dat slagge oan de Molmawei yn Rien. Rein en Jolanda hawwe it ‘gemak’ fan de stêd noch net mist en genietsje folop yn it kreaze hûs yn Rien. Aardich om te witten dat yn dit hûs eartiids yn winkeltsje wie. 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication