7

Fan de redaksje Troch Watse Wy skriuwe yn it Diggelfjoer hast nea oer persoanlik leed en gelok, mar foar dizze kear wol ik dochs efkes stilstean by it hommels ferstjerren fan Jan Flier. Op 6 jannewaris binne hast alle tinkbere helptsjinsten nei Itens ta kaam om te besykjen Jan noch te rêden, mar it mocht spitigernôch net helpe. Wy ferlieze mei Jan in tige belutsen doarpsman, in libbensgenieter en in tige blier persoan. Wy winskje Agatha, harren bern en bernsbern in protte sterkte ta foar de kommende tiid. Wy sille Jan allegearre tige misse. Sa as altyd sjogge wy yn it Diggelfjoer sawol efterom as foarút. Wat it efterom sjen oanbelanget dat kin û.o. mei de bydrage fan de Romte. Dy't weromsjen kin op in pear prachtige prestaasjes! En ek dizze winter sil wer de boeken yn gean as ien sûnder Alfestêdentocht. Mar gelokkich wenje der yn ús mienskip noch in pear helden dy’t de ‘tocht der tochten’ ea sels riden ha. Ien fan harren nimt ús mei nei it ferline troch syn Alfestêden-afontoer mei ús te dielen. Foarútsjen, dat kin û.o. mei de bydragen fan de feestkommisje en keatsferiening. En wat te tinken fan ús toanielferiening. Sy wurkje ta nei de opfiering fan harren stik ‘Set mar op ‘e rekken’, dat spile wurde sil op 28 en 29 maart. Wat mysels oanbelanget? Ik mei wol graach weromsjen, mar ha dan wer net safolle mei de winter en noch minder mei 6 moanne lang hjerst. Dus ik bin bliid dat it hast maaitiid wurdt. Dagen dy’t als mar langje en waarmer wurde, alles om jo hinne wurd wer grien. Fûgels sjonge en dûnsje troch de loft en it bêste is miskien noch wol it hearlike foarútsjoch fan wat wy allegearre noch te goede ha! Yn de folgjende Diggelfjoer sille wy stilstean by 80 jier frijheid. Hawwe jimme noch in ferhaal út de oarloch of in oar nijskjirrich item wat mei frijheid te krijen hat? Lit is ús witte! Wy nimme ôfskie van Kamstra steenhandel as adverteerder yn Diggeljoer. Jan en Albert Jan, tige tank foar alle jierren, dy 't jim ús stipe hawwe. Noch efkes trochsette minsken en dan is it wer maaitiid. 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication