De Alvestêdetocht fan … Troch Watse Alwer in winter foarby sûnder Alvestêdetocht. Soe it der ea noch wolris fan komme? Om sels mar oantinkens te hawwen oan in eardere Alvestêdetocht moatte jo al op syn minst 30 jier âld wêze! Salang’t wy wachtsje moatte op in nije edysje, sille wy it dwaan moatte mei de oantinkens oan eardere tochten. Dêrom, spesjaal ek foar de ‘30 minners’, oan de ein fan eltse winter sûnder Alvestêdetocht, it ferhaal en de oantinkens fan in (âld)ynwenner dy’t de tocht der tochten sels riden hat! Wa wit hoe legindarysk harren prestaasje ea wol net wurde sil?! De haadpersoan fan dizze edysje koe samar ris de grutste sportman fan de ouwer doarpen ea wêze. Hy draafde al ris in maraton yn 2 en in heal oere! Mar omdat hy de beskiedenheid sels is en syn sportive hichtepunten no nei alle gedachten wol efter him lizze, kin it samar sa wêze dat guon doarpsbewenners tinke dat sy mei in deagewoane Itenser te meitsjen hawwe. Mar dat is dus beslist net it gefal. Want syn sportive prestaasjes binne ek fier bûten de grinzen fan Fryslân opfallen! Sa bewarre syn eigen mem alle kranteknipsels dêr’t syn namme yn neamd waard en garre op dy wize 7 tsjokke plakboeken fol byinoar! De tocht der tochten ried hy trije kear. En hoewol’t hy it sels sa beslist net neame sil, krij ik tidens ús petear wol yn ’e gaten dat it riden him eins mar in bytsje muoite koste hat. Sa ried hy tidens syn dielname oan de tocht bygelyks nea yn it folsleine tsjuster. Alle kearen starte hy frijwat let en kaam hy tusken 18:30 en 19:00 oere alwer oan op ’e Bonke! Dizze kear de Alvestêdeferhalen fan Douwe Bruinsma. “Minsken dy’t hjir al lang wenje sille miskien witte dat ik eartiids in hiele protte oan hurddraven dien ha. Mar eins wie it reedriden myn earste sportive leafde. Ik bin begûn mei draven om yn kondysje te bliuwen foar it winterskoft en foar it gefal ‘de tocht der tochten’ in kear trochgean soe. Mar dat lêste barde mar nea. Krekt as no, moasten wy it as jongkeardels dwaan mei de ferhalen út it ferline en dan benammen oer de barre tocht fan ’63. 8
9 Online Touch Home