9

Tegearre mei myn fêste riders-maat Tjerk Lycklama à Nijeholt ha ik mysels jierrenlang tarieden op in eventuele tocht. Winterdeis eltse wike in kear nei Thialf, wat doe noch gjin dak hie, en simmerdeis dus in protte drave. Oant de winter fan 1985. Doe wie myn maat Tjerk yntusken emigrearre nei Amearika. Hy wenne dêr yn Texas en wy hiene yn de maitiid fan ’85 al it plan makke om de folgjende winter by him op besite te gean. De fleantickets en al it oare wie lang fan tefoaren regele. Krekt doe’t wy yn it fleantúch nei Amearika stapten begûn it hjir yn Nederlân fûleindich te friezen. In stikmannich dagen letter, sieten Tjerk en ik yn de koarte broek in pilske te drinken op in terraske yn it waarme Dallas. Doe hearden wy dat de Alvestêdetocht trochgean soe! Tjerk en ik sieten mekoar ferbjustere oan te sjen en seinen: “Wy binne ek moai gek. Ha wy al dy jierren oan it trainen west en no sitte wy hjirre!” De oare deis sieten wy foar it nijs op de Ameerikaanske telefyzje en doe seagen wy it berjocht dat de tocht ôfsein wie, omdat it teiwaar wurden wie. It is de iennichste kear yn myn libben west dat ik bliid wie mei de foarsizzing fan teiwaar! Want dy dei en nacht dat ik tocht dat ik net meiride soe, wie in min skoftke tiid foar my! Doe’t wy krekt wêr werom yn it Heitelân wiene, begûn it op’e nij fûl te friezen yn Fryslân. Op 18 febrewaris waard der dochs noch in tocht útskreaun foar de 21ste en doe koe ik gelokkich besykje om mei te riden. Mar de tarieding op de tocht wie fier fan ideaal. Wy wisten nammentlik net wat ús te wachtsjen stie en hiene fansels jierrenlang de heroyskeferhalen oer de hel fan ’63 oanheard. Dat makke dat it spannend en ûnwis foar ús wie. Ek wie it sa, dat der foar ’85 noch gjin leden wiene. Minsken dy’t meiride woene, moasten in pear dagen foar de start nei de Frieslandhal ta om dêr te besykjen in startkaart te bemachtigjen. Dus krektgelyk as al dy oaren ha ik in hiele jûn en nacht by de Frieslandhal omspaand. Omdat der salang al gjin tocht west wie, hiene wy ek it gefoel dat it miskien wol ús iennichste kâns wurde soe. Dat makke dat ik en in protte dielnimmers mei my, graach alles folslein mei meitsje woene. Dus de jûns foar de start bin ik noch de stêd yn west om de sfear (en in pear pilskes) te priuwen. It wie grut feest yn Ljouwert en o sa gesellich, mar ik moast de oaremoarn noch wol in pear kear oan de priuwerij fan de jûn derfoar tinke… Fan de start wit ik noch dat ik út de koai kaam en doe krektgelyk as de wedstriidriders begûn te draven. Der wiene folle mear toerriders dy’t dat diene, mar omdat ik sa goed drave koe helle ik fuortdaliks in hiele protte minsken yn. Ienris op redens foel it riden my alles mei. Ik wie yn de krêft fan myn libben en hie in kondysje gelyk oan in bear. De sfear ûnderweis wie fantastysk. Ik ha ferskate kearen it pikefel op de earms hân. 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication