Wy sille nammentlik yn de jiergearkomste fan it Doarpsbelang in presintaasje jaan en dan fertelle wy mear oer hokker platfoarm it neffens ús wurde moat. Noch efkes geduld dus en ik soe sizze, kom foaral allegearre nei de jiergearkomste fan it Doarpsbelang op 9 maaie yn it doarpshûs!” In oare fraach dan mar. Hast dosels eins ek wat mei de histoarje fan dizze omjouwing? Pietie: “No ik bin eins in echte Tsjummearumer en hjir dus yn de frjemdte. Mar omdat wy hjir no wenje wol ik ek graach wat mear witte oer de histoarje fan dit plak. ‘Woartelje’ neam ik dat. En yn it algemien ha ik ek wol wat mei skiednis en histoarje hear. In stambeam of in moaie âlde foto út it ferline, mei ik altyd graach efkes besjen.” Yn de oanrin nei myn petear mei Pietie, stjoerde sy my alfêst ûndersteande foto ta mei dêrby de folgjende fraach: “Quizfraach foar moarn Watse. Hokker pleats is dit?” No ik moast it antwurd skuldich bliuwe, mar miskien witte jo it krekte antwurd wol? It antwurd stiet (op ‘e kop) ûnder de foto. 10 It is de pleats dêr’t Douwe en Pietie sels yn wenje op Meilahuzen (de eardere pleats fan de famylje Dijkstra). De pleats krige syn hjoeddeistige foarm yn 1951. Dêrfoar wie it dus in kop-hals-romppleats. De ferbouwing wie needsaaklik om de wenromte te fergrutsjen en om de stâl yn de skuorre út te wreidzjen.
11 Online Touch Home