Reinder: “Do bist eins krekt te let. Wy ha krekt de kabels fan de dyk nei it hokje ta lutsen”. Dêr hiest oars moai efkes by helpe kinnen. “No dat is foar my ek moai bale hear Reinder, want ik hie dy ek wolris echt oan ’t wurk sjen wollen”. Reinder: “No meist myn rêch noch wol efkes fiele. Want ik sil dy sizze dat it switten wie.” Genôch gekkichheid en Reinder lit my de kabels sjen dy’t no fan it gat yn de dyk nei it nije stroomhûske tarinne. Seis reade dy’t de stroom nei it hokje tabringe en 2 donker grize dy’t de stroom op konsuminten sterkte der werút lit. Mar it binne al oare kabels dan dy’t by jo en my thús efter it stopkontakt sitte. Sy binne sa stiif as wat en sa grou as in hiele dikke iel. Reinder: “It is eins it minste putsje wat derby is, omdat dy kabels sa swier en stiif binne. Wy binne eins gewoan in pear oeren mei dy kabels oan it wrakseljen west.” Reinder syn fleurige kollega Nelson bekrêftiget de útlis fan Reinder en lit my de trochsneed fan de kabels efkes sjen. Yndie, de kearn fan de kabel liket folslein fan izer te wêzen. “Dat is gjin koper mear”, sis ik tsjin de beide mannen. Nelson: “Nee, dat klopt. Het is aluminium. Al dit soort nieuwe kabels zijn tegenwoordig van aluminium. Koper is te duur geworden.” Hoe bysûnder is dit nije elektisiteitshokje mannen? Reinder: “No, dat falt wol wat ta. Silst miskien op it nijs wolris heard ha dat it stroomnet yn Nederlân fol begjint te reitsjen en dat bedriuwen soms lang wachtsje moatte op in nije oansluting? No, om de kapasiteit fan it stroomnet út te wreidzjen binne der yn Nederlân tûzenen fan dit soarte nije transformatorhúskes nedich. Ek troch de stroomtransysje dy’t wy mei-inoar meitsje moatte, ha wy ferlet fan mear fan dit soarte fan stroomhokjes. Dus bysûnder is it op himsels net. Wat der wol bysûnder oan is, is dat it foar my sa tichtby is. It is omdat ik sa’n protte guod nedich bin foar myn wurksumheden, oars hie ’k hjoed rinnende nei myn wurk ta kinnen.” Dan komt Gerard it bûthús útrinnen. As hy my mei in boekje yn de hân sjocht, wit hy yntusken al hoe let it is. “Is de parse ek alwer presint?, ropt er as hy op ús tarint.” “Jawis Gerard. Ik ha de tip krigen fan myn buorman dat der hjir wat bysûnders stiet te barren. Mar hoe liket it Gerard. Moat wy dy ek oansjen op alle ferkearsgaos hjir foar op ‘e Draversdyk? Garard: “Ja, ik bin bang dat wy dêr wol de oarsaak fan binne. Us bedriuw draaide oant no ta altyd noch mar op 1 inkele oansluting. Dat wie altyd al behelpen en omdat wy plannen ha om ús eigen dong te ferwurkjen, ha wy mear stroom nedich. It gefal wie dat it stroomhûske, wat hjirop ús hiem stiet, ek hast oan ferfanging ta wie. Dus sadwaande slaan wy hjir twa miggen yn ien klap. Liander harren transformatorhûske wurdt fernijd en wy krije der mei it each op de takomst in twadde oansluting by. Do makkest der mar in moai ferhaaltsje fan”. En dan set er wêr ôf rjochting syn kij yn ‘e stâl. 13
14 Online Touch Home