15

Hoe liket it eins Reinder. Dit is fansels goed nijs foar Gerard en harren bedriuw, mar hat de rest fan Itens en Rien ek noch wat oan sa’n nije transformator? Reinder: “Jaseker wol. It stroomnet kriget hjirtroch mear kapasiteit en it wurdt ek stabiler. Dit nije hokje stiet aanst yn ferbining mei de hokjes yn Itens en Rien. Yn Itens stiet der in hokje njonken de loads fan Rienk Rispens, no en dy fan Rien kinst tink ik wol fine.” Ik ha altyd respekt foar stroom, mar hoe liket dat hjir mei jimme wurk eins. Is dit ek gefaarlik? Reinder: “Der kin hjoed hielendal neat misgean, want hjir stiet noch gjin prik op. Wy meitsje hjir eins in nije sydtûke foar it stroomnet, pas as Liander de ‘sydtûke’ oanslút op it besteande net, dan pas komt der stroom op dizze kabels te stean.” Reinder lit my it binnenste fan it nije transformatorhûske sjen. “Sjoch hjir leit de transformator. De oansluting sit der boppe, dêr komt aanst 10.000 volt op te stean. Dêr kinst aanst better net mear oankomme, want dan is it yn ien klap mei dy dien.” Ik ha noch mar ien fraach mannen. Kinne wy (en Gerard) hjir lang mei ta? Of moat oer twa jier de dyk alwer iepen omdat der wer mear kapasiteit nedich is? Reinder: “Ik wit fansels net krekt hoe’t netwurk fan Liander der hjir oan ta is, mar ik ferwachtsje net dat ik ea wer yn myn libben de kâns krij om sa tichtby hûs in hokje oan te sluten.” Tige tank Reinder (en Nelson) foar de tip en it moaie ynsjoch yn jimme wurk. Ha jo ek in tip, oer in stroomhûske of oer wat oars? Bliuw der dan net mei omrinnen, mar skilje de redaksje. Neibrander. In wike letter hat Liander it nije transformatorhokje oansluten op de besteande elektrisiteitshokjes fan Rien en Itens. Om dat mooglik te meitsjen moast ek it hokje yn Rien efkes iepen. Dat wie de kâns dêr’t Alien Tjerkstra daliks gebrûk fan makke hat. Sy hat mei har eigen eagen sjoen dat oan de binnenkant fan it hokje yndied in leafdesferklearring stiet fan Gré en Guus Jansen. It prille steltsje dêr’t ik yn maart al in kear oer skreaun ha en dy’t inoar moete en foar it earst tute ha yn it eardere PEB-hûske. In foto fan de tekst ha ’k trochstjoerd nei ien harren bern en dy werkende it hânskrift fan har mem daliks. It âlde leafdesferhaaltsje kloppe dus hielendal. 15

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication