20

‘Nim it sa it is’ spylje ‘Set mar op ‘e rekken’ Wat wie it in gekkeboel op camping Marsicht! “LYTS BEGIN” LYTSEWIERRUM Bildstars 10 kilo € 15,00 20 kilo € 25,00 Irene’s 10 kilo € 15,00 Borgers 10 kilo € 15,00 Frieslanders op aanvraag Uien Yn it wykein fan 28 en 29 maart wie doarpshûs de Lytse Fjouwere ferbout tot ‘camping Marsicht’. By de yngong stie in slachbeam, in retro camper stie foar de doar en it poadium fan it doarpshûs hie gers krigen. Boppedat stiene der in stik as wat tinten út de jierren 70 op it poadium. Sûnt septimber ferline jier hat in groep mei spilers mei Harrie Draaijer as regisseur drok oan it repetearjen west. Op moandeitejûn, letter ek op tongersdeitejûn en sa no en dan op sneon, mei de tiid krige elk de ‘smaak fan de jierren 70 en it ‘campinglife’ te pakken. Mei de mannen fan technyk Klaas en Bart, dy ‘t der letter kamen by ús eigen ‘styliste’ Rita en de dekorploech kamen de personaazjes ta libben en de campingsfeer fan de jierren 70 wie in feit. En graach ferjitte wy ús stille krêft Laura Margje net, dy ’t alle saken rûnom de kaartferkeap, de flyers/posters en sponsors regele hat. Hulde! Nei Shakespeare fan ferline jier, hiene wy dit jier keazen foar in blijspul. In nij stik, in nije regisseur en in pear nije spilers! Dat wy mei inoar in soad wille hân hawwe, dat sille jimme hooplik sjoen hawwe op it poadium mei de útfiering. Wy hawwe mei de hiele ploech hast in healjier nei it wykein tawurke en dat jout dochs in spesjale bân. Ien fan de moaiere mominten binne dan ek efter de skermen, as de seal folrint, alle spilers op eigen wize harren tariede op de útfiering en fansels nei ôfrin de ûntlading. Jimme as publyk (2 jûnen folle bak!) wiene foar ús wat it feestje kompleet makken. Wy hawwe derfan geniete. En no geane wy mei toaniel earst wer yn ‘e rest. Wy sille noch in momint mei spilers en meiwurkers planne om de film en foto’s werom te sjen. En dan meitsje wy as bestjoer wer nije plannen. Wy sille ús wol wer ris melde yn septimber mei nijs. 10 kilo € 10,00 Voor uw paard, geit of konijn: HEERLIJKE VOERWORTELS 1 zak 20 kilo 3 zakken voor € 4,00 € 10,00 Altijd kleinere hoeveelheden mogelijk! Voor alles geldt: voor donderdag besteld = in het weekend in huis! LANGSKOMEN KAN NATUURLIJK OOK! BEL/APP HOFSTRA - 06-205 62 566 Buorren 2 - LYTSEWIERRUM Mochten der doarpsgenoaten nei it sjen fan ús stik entûsjast wêze om ris in kear mei te spyljen, lit it ús frâl witte. In grutte rol, in lytse rol, as figurant of as meiwurker, wy stean foar fan alles iepen. Mar lit it ús dan wol witte! Dat kin fia nimitsaitis@hotmail.com of fia ien fan de bestjoersleden: Ronald, Fred of Elisabeth 20

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication