Nijs fan SBS De Romte skreaun troch Remmelt Bouma De maitiid is no echt oanbrutsen! Heerlik war om wer lekker bûten te boartsjen yn de pauzes mar ek de rekken of spellingslessen kinne sa no en dan bûten plak fine. Wylst ik dit skriuw is Bakker Speeltoestellen ek drok dwaande mei sawat it allerlêste fan it skoalplein, nammentlik de pleinplakkers. It hiele alfabet en 2 kear in rups wêr’t de getallen 1 oant en mei 10 op stean mei dêr tusken yn de ‘min’, ‘plus’, ‘kear’ en ‘deelsom’. Sa kinne wy noch mear bewege en leare! Fierder binne de tegels dy’t út it skoalplein kaam, no omtovere nei sitbankjes of krukjes. Jan Gerben hat syn bêst ek wer dien en der is in houten doarke tusken de plantebakken fan de pannakooi kaam. Dit omdat we hooplik sa gau as mooglik iepen kinne mei de berne-opfang en dit ien fan de eisen wie dêr’t wy oan foldwaan moasten. Dat skoalplein hat fansels in hiel projekt west en wy binne tige grutsk op it prachtige resultaat. Wy kinne de measte ‘credits’ wol oan juf Anneke jaan. Dy hat har de ôfrûne jierren foar 150% ynsetten foar it plein. Tegearre mei Pietie de Vries en Joris Nijholt (âld learling groep 8) hawwe sy mei it projekt al in priis wûn by ‘Kern met Pit’. Dat wie by de provinsjale edysje en op 12 april sille se stride om it earste plak te bemachtigjen tidens de lanlike útrikking yn Amersfoort! 32
33 Online Touch Home