38

Gerbrich 60 is 20, hieperdepiep…BOERAH! Troch Watse Nee der stean gjin flaters yn de titel en it is ek net in rigel út de âldjierspuzel fan de Ljouwerter krante. It is heechstwierskynlik de meast bekende ko út ús mienskip dy’t wat bysûnders oprêden hat. Sy is 20 jier âld wurden! No hear ik sommige minsken sizzen. ‘Oh, is dat sa bysûnder dan?’ Jawis, dat sil ik jimme sizze. Om mar efkes oan te jaan hoe útsûnderlik soks is, ha ik it FryskHollansk Rundvee Stamboek efkes skille. En dan docht bliken dat Gerbrich (fierwei) de âldste ko is dy’t ynskreaun stiet yn it stamboek! De op ien nei âldste ko is mear as 2 jier jonger. En as jo it fergelykje mei in trochsnee moderne molkko, dan wurdt hielendal dúdlik dat hjir wat útsûnderlikens oan de hân is. Want de gemiddelde molkko wurdt yn de regel net folle âlder as in jier as 7. Dan is it foar in boer faak net mear sa rendabel om de ko noch langer oan te hâlden. Mar der binne útsunderings fansels en der is Gerbrich ien fan. Heechtiid om op besite te gean by Gerbrich en de sûnder twivel grutske eigener: Hein Wijnia. De jarige jet is maklik te finen yn de stâl fan boer Hein, want spesjaal foar de gelegenheid binne der kleurige flachjes ophongen. Mar ek sûnder de feestlike slingers wie it grif wol slagge om Gerbrich werom te finen. Want boer Hein hat nammentlik mar presys 1 ko! In boer mei mar 1 ko, dat sil gjin fetpot wêze tink? Hein: “Nee, it is al 20 jier in ferliesjaande saak, mar wy bliuwe it besykjen! Mar it is eins noch folle slimmer. Gerbrich is nammentlik hielendal net iens fan my. Ik bin mar in soarte fan pachtboer. Ik mei op har passe, en de rekkens betelje, mar de ynkomsten binne foar ús soan Douwe. Hy is nammentlik de eigener. 38

39 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication