40

Doe’t Douwe 7 jier âld wie hie hy al in aardich folle sparpot, mar noch gjin doel wêr’t hy no eins foar oan it garjen wie. Tagelyk wie hy yn dy tiid in protte op it hiem fan Kobus en Sijbren Nauta te finen. Mei op de trekker en nei de keallen ta, dat fûn hy it moaist. En doe kaam hy op in middei thús mei in plan. Hy woe boer wurde en tenei sinten garje foar syn earste keal. Foar syn 8ste jierdei hat hy doe noch sinten op de jierdei frege en dêrnei koe hy in keal keapje. As Douwe syn jongesdream fan doe útfierd hie, dan wie Gerbrich de earste fan in hiele protte kij wurden. Mar it rûn efkes oars. Douwe kaam der efter dat it lestich boer wurden is, as der gjin pleats yn de neiste famylje is. Sadwaande hat hy syn plan mei de jierren wat bystelle moatten en is hy ‘mar’ bistedokter wurden. Miskien wol sa moai hjoed-de-dei. Mar ik betink my trouwens dat wy wol ien kear in keal fan Gerbrich oanhâlden ha. Dat wie in prachtich moai readbûnt kokeal mei de namme Pyke. Doe hiene wy samar ynienen in ferdûbeling fan ús feesteapel. Hokker boer kin dat no sizze? Mar it wie gjin sukses, ik bleau mar foer opheljen. Dus doe’t wy in moai plakje foar Pyke fûnen, binne wy werom nei ‘start’ gien.” Hoewol’t ik net op de dei fan Gerbrich har jierdei delkommen bin, is it hjoed noch wol in bysûndere dei. Gerbrich sil hjoed nammentlik foar it earst dit foarjier nei bûten ta. In perfekte kâns foar in pear moaie kykjes tocht ik. 40

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication