43

In pear bollenkeallen binne yn de reguliere fleisyndustry bedarre, mar fierder binne wy der eins altyd yn slagge om in moai plakje foar de keallen te finen en dêrmei harren libben te ferlingen. Us earste bolle Hessel ha wy ferkocht oan boer Jelle Heeres fan Eksmoarre. Nei in pear jier tiid ferkocht hy Hessel troch oan syn broer Hotze, dy’t buorket by Hichtum. Hotze hie Hessel los by him op it hiem rinnen as in soarte fan waakhûn! Hotze hat my letter wolris ferteld dat hy sûnt dy bolle, nea gjin lêst mear hie fan frjemd folk op syn hiem. Hessel wie sa mak as in laam, mar nimmen hie ferlet om dat út te testen. In oare bolle fan Gerbrich ha wy ferkeapje kinnen oan in reguliere, moderne molkfeehâlder. Dy man woe graach wat sterkere kij yn syn stâl en brûkte ús bolle om syn dochs wat kwetsbere Holstein-Fryske kij, in bytsje werom te fokken. Mar de keallen fan Gerbrich besoargen de nije eigeners somtiden ek de nedige útdagings. Dy keallen wiene by ús de frijheid wend en hiene oan’t de ferkeap faak noch nea fêst stien. Dan gie it betiden mâl. Ik hie de gewoante om nei de ferkeap altyd noch efkes te skiljen om by de nije eigener te hearren hoe’t it mei syn nije oanwinst wie. Dat levere soms moaie ferhalen op. In feekeapman antwurde op myn fraach “dat myn bolle wol heech springe koe”. Dy wie by oankomst fuortdaliks oer in heech stek sprongen. En in oare eigener hold in stikkene hân oer oan syn nije keal. 100 Kg yn plak fan 100.000 kg In protte molke ha’t Gerbrich ús net opsmiten. Yn it begjin ha ’k it wolris besocht om har te melken. Douwe en Marten ferkochten de molke dan yn it doarp. De legendaryske Germ Koldyk wie bygelyks sljocht op de earste bjist fan Gerbrich. Dêr makke hy pankoeken fan. Mar it melken sels woe eins foar gjin meter, wylst it fansels allegearre molke wie. Doe ha wy der yn it begjin wolris in 2e keal bysetten fan Sybren en Kobus. In heal jier letter brochten wy dat keal dan wer werom, mar dan wie it yntusken sa hurd groeid dat it sa yn it hok koe mei dêryn de keallen dy’t al 9 moanne âld wiene. 43

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication