Kolleezje B&W op besite Troch Watse Op 8 april wie der samar ynienen hege besite yn Itens. Mei útsûndering fan de wethâlder fan finânsjes, wie it folsleine kolleezje fan B&W fan de Gemeente Súdwest Fryslân nei de Lytse Fjouwere ôfreizge. Jo soene hast tinke dat der wat bysûnders oan de hân wêze moast, mar dat wie net echt it gefal. Ienris yn de ouwer wike hat it kolleezje in gearkomste yn ien fan har 89 kearnen. De gearkomste sels wie foar in grut part besletten, mar tal fan ferienings út ús mienskip wiene wol útnûge om de boargemaster en wethâlders te moetsjen en mei harren te lunchen. It Diggeloer wie fansels ek oanwêzich, want safolle pommeranten komme jo net alle dagen tsjin yn Itens. Gerard Witteveen hat út namme fan doarpsbelang fol oer ferteld oer de saken dy’t ús hjir dwaande hâlde. Bygelyks wenningbouw en hoe belangryk it is foar de leefberens is om de skoalle te behâlden. Mei boargemaster en wethâlders hawwe wy dêrnei in kuier troch it doarp makke. Wy ha de mooglikheid foar wenningbou besjoen en fansels ek it priiswinnende skoalplein net oerslein. Alle fertsjintwurdigers ha besocht ús doarpkes wer efkes posityf foar it fuotljocht te bringen en ik tink sels dat it aardich slagge is. Wy sille sjen wat der fan komt. Antwoorden van zoek de verschillen: 46
47 Online Touch Home