Te drok om te wurkjen: It pensjoen fan juf Anneke Troch Esther In libben lang ûnderwiis, leafde jaan en ynspiraasje bringe oan takomstige generaasjes Nei mear as irtich jier yn it ûnderwiis giet juf Anneke, in ikoan op basisskoalle De Romte yn Itens, no offisjeel mei pensjoen. Har ôfskie is in momint fan refleksje en foaral grutte wurdearring foar har tawijing oan it foarmjen fan bern út de ouwer doarpen. Dizze mylpeal fertsjinnet net allinnich in lokkich ôfskie, mar ek in djippe wurdearring foar de langjierrige ynfloed dy't sy hân hat op ús bern. In karriêre fol passy en tawijing Juf Anneke begûn har reis yn it ûnderwiis yn Warns yn 1983 by de ekspirimentele basisskoalle yn groep 1 en 2. Dat wie doe in unyke skoalle, want de basisskoalle sa’as wy dy no kinne, bestie noch net – dy kaam pas yn 1985 – en d’r wie oeral noch ‘gewoan’ in legere skoalle mei seis klassen. Mar net yn Warns, want dêr wie in master - Mindert Wijnstra – dy’t it oars seach. Skoalle ‘De Totem’ die mei oan in proef en waard in ‘ekspirementele basisskoalle’ wêr’t acht groepen yndield waarden, ék de kleuters (die’t earder nei de kleuterskoalle giene). Dermei wie de skoalle bot har tiid foarút. En dat passe Anneke Verbeek- Gaastra wol. Juf Anneke is hikke en tein op in pleats tusken Warkum en Hylpen en gie nei skoalle yn Warkum. Anneke wie de aldste yn it gesin en hat noch twa broers en in sus. Se wiene thús drok dwaande mei Fryske hynders, wedstryd riden en siet yn har frije tiid altyd op de pony en letter it Fryske hynder. Heit Gaastra dielde dy passy en wie altyd mei op paad. Pake Arij Gaastra siet yn de Fékeuringskommisje en dielde de linten út by it Konkours op Kokedei yn Warkum. Dizze taak hat Anneke nei it ferstjêren fan har pake oernommen en mear as 35 jier (yn Frysk kostuum) útfierd. Nei de MAVO yn Warkum en de HAVO (RSG yn Snits) is se nei de ‘kleuterkweek’, de oplieding ta kleuterjuf as -master, yn Ljouwert gien en yn 1983 hat se har papieren binnen (en ek de Applikaasjekursus foar groep 3 – 8) en kin se los yn Warns. 12
13 Online Touch Home