Se hiert ek daliks in húske yn Warns, want dat wie doe sa. Mei trije learkrêften en sa’n 50 bern gie de skoalle los en wie Anneke juf foar de kleuters fan de skoalle. En kleuters binne en bliuwe de passy fan juf Anneke. Mei de 4-6- jierrigen ekspirimenteart se folop mei tematysk ûnderwiis. Se hellet de wrâld de klasse yn en krijt d’r yn Warns ek alle romte foar. Sy troud har man Sytze yn 1986 en tegearre gean se fierder. Se werinnert har lessen oer ‘de dokter’ yn Warns, wer’t de dokter út it doarp op skoalle de búk fan de – yntusken swiere – juf Anneke ûndersiket. Prachtige en byldzjende lessen foar de kleuters. Yn 1988 krije Anneke en Sytze harren earste bern: Tjitte. Master Mindert is ûnferbidlik: it is full-time trochwurkje as net. Dieltiid wurkje is net oan de oarde foar de juffen yn Warns. Mei spyt stoppet Anneke earst mei it wurk foar de klasse en krijt yn 1990 dochter Trieneke en letter ek noch dochter Hannah (1995). It jonge gesin ferhúzet nei Wommels yn 1990 en it ynfallen foar de klasse foar hieltiid koarte eintsjes yn û.o. Weidum, Wommels, Itens en Easterlittens is it lot fan Anneke. Om wat mear festichhyd te krijen, giet Anneke by de berneopfang “Pippi’s” oant it wurk as begelieder fan benammen jonge pjutten en baby’s. Dat hat se in skoft dien, doe’t yn 2001 de iepenbiere basisskoalle yn Wommels (de Opslach) har fêst yn tsjinst frege. Dat mocht part-time én by de kleuters. Om ûnderfining mei de âldere bern op te dwaan jout se 12 jier GVO-lessen. Yn Wommels kin Anneke har belutsenhyd as juf goed ûntjouwe, de bern fan net-Hollânske âlders komme ek yn Wommels yn de klasse en ha somtiden ekstra omtinken nedich. Mar net allinne dizze groep bern krijt omtinken: se werinnert harren ek in ‘tienermem’ dy’t mei har kleuter yn de klasse komt by Anneke. Ek dizze mem docht in berop op it omtinken fan juf Anneke. Omtinken dy’t juf Anneke graach jouwt. Juf Anneke begeliedt de mem en lit har net los. It tematysk wurkjen yn groep 1 en 2 krijt foarm, in útdaging mei betiden 36 kleuters yn de groep. De oplieding ta Intern Begeleider wurdt yn twa jier helle en ek komme hegere groepen yn byld. Yn 2014 wurdt juf Anneke frege om de oerstap nei De Romte yn Itens meitsjen; juf Paula yn Itens wol ek wol ris wat oars en Anneke stiet ek iepen foar wat nijs. Sadwaande ruilje de twa juffen fan plak. Juf Anneke nei De Romte yn Itens en juf Paula nei De Opslach yn Wommels. By de Romte fielt Anneke harren daliks thús. Anneke: “It wie as in waarm bad”. Yn Itens kin juf Anneke oan de slach mei in kombinaasjegroep 1,2 en 3. In prachtige kombinaasje wat har oanbelanget: “Op dizze wize koe ik tematysk ûnderwiis jaan oan dizze bern en wat in geweldige útdaging om dit ek foar groep 3 te betinken neist de methoade VLL, rekkenjen ensafierder ”. Juf Anneke fynt De Romte yn Itens in skoallefoarbyld foar oare skoallen. Sy is grutsk op it belutsen tiim fan meiwurkers. Anneke: “De gearwurking mei myn kollega’s is geweldich en ek de nije direkteur Annet past hiel goed yn ús tiim. Wy meitsje mei elkoar tematysk ûnderwiis en dan dogge alle groepen mei. Wy gean der op út, mar helje ek de minsken yn skoalle om te fertellen, passend by de tema’s. Op dit stuit binne we dwaande mei “útfinings”. Alwer in prachtich tema! 13
14 Online Touch Home